Yn 'e taalkunde is in ynterferinsje de ynfloed dy't de iene taal op 'e oare útoefenet of in spesifyk elemint yn in taal, lykas in wurd, útdrukking of grammatikale konstruksje, dat tsjin 'e regels yn út in oare taal oernommen is. Yn 'e kontekst fan it Frysk sil mei in ynterferinsje ornaris in hollanisme (út it Nederlânsk oernommen taalelemint) bedoeld wurde.

Foarbylden fan in hollanistyske ynterferinsjes op it mêd fan 'e wurdskat binne:

  • dat is erch (fan Nederlânsk: erg; moat wêze: "slim" of "net bêst")
  • facht (fan Nederlânsk: vacht; moat wêze: "hier" of "pels")
  • it falt mei (fan Nederlânsk: het valt mee; moat wêze: "it falt ta")

In foarbyld fan in hollanistyske ynterferinsje op it mêd fan 'e grammatika is:

  • it plak dêr't se hinne sille gean (moat wêze: "it plak dêr't se hinne gean sille")
Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  • Boelens, K.; Feitsma, A.; Pietersen, L.; Pietersen, P.W.; Straatsma, R.; Vledder, G.H.; Zondag, K., Twataligens: Ynlieding yn Underskate Aspekten fan 'e Twataligens, Ljouwert, 1981 (Afûk/Fryske Akademy), ISBN 9 06 27 30 086.
This article is issued from Wikipedia. The text is licensed under Creative Commons - Attribution - Sharealike. Additional terms may apply for the media files.