Sittard
Polityk
LânNederlân
ProvinsjeLimboarch
GemeenteSittard-Geleen
BoargemasterSjraar Cox (PvdA)
Sifers
Ynwennertal37.425 (2018)
Oerflak18,07 km²
Befolkingsticht.2.082 /km²
Hichte40-90 m boppe seenivo
Oar
Stifting1243 (stedsrjochten)
Postkoade6130-6137
Koördinaten50° 59′ NB, 5° 52′ EL

Sittard (Limboarchsk: Zitterd) [1] is in stêd yn Nederlânsk Limboarch, yn it oergongsgebiet tusken Sintraal-Limboarch en de heuvels yn Súd-Limboarch. It is ien fan de âldste plakken yn Nederlân en de twad âldste stêd (mei stedsrjochten) yn Limboarch.

Sittard foarmet sûnt 2001 mei Geleen en guon lytsere plakken, wêrûnder Born, de gemeente Sittard-Geleen. Troch dizze fúzje is de gemeente Sittard-Geleen de tred grutste fan de provinsje wurden kwa ynwennertal (sawat 95.000).

Lokaasje

Sittard leit presys tusken twa ryksgrinzen yn it smelle diel fan 'e provinsje Limboarch, ek it smelste diel fan Nederlân. Yn it easten en noardeasten grinzet Sittard oan Dútslân, tichtby de gemeente Selfkant, en yn it westen oan de Maas, dy't de grins mei België foarmet.

Keppelingen om utens

Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  1. De stavering 'Zitterd' wurdt offisjeel troch de gemeente hantearre op ûnder oare plaknammebuorden, Plaknammelist Feriening Veldeke skriuwt de stavering 'Zittert' foar.
This article is issued from Wikipedia. The text is licensed under Creative Commons - Attribution - Sharealike. Additional terms may apply for the media files.