Polityk yn Nederlân
Wapen fan Nederlân
Statút foar it Keninkryk fan de Nederlannen
Nederlânske Grûnwet
Regear
• Steatshaad (Willem-Alexander)
Kabinet
• Minister-presidint (Mark Rutte)
Ministers en steatssekretarissen
Hege Kolleezjes fan Steat
Earste Keamer
Twadde Keamer
Ried fan Steat
Algemiene Rekkenkeamer
Nasjonale ombudsman
Desintrale oerheden
Provinsjes
Provinsjale Steaten
Deputearre Steaten
Kommissaris fan de Kening
Gemeenten
Wetterskippen
Wapen fan Nederlân
Wapen fan Fryslân

Yn Nederlân foarmje de Provinsjale Steaten (meastal koartwei de Steaten neamd) sûnt 11 maart 2003 it kollektyf fan folksfertsjintwurdigers binnen de provinsje. Foar dizze datum foarmen de Provinsjale Steaten it bestjoer fan de provinsje. De haadtaak fan de Provinsjale Steaten is no it kontrolearjen fan it bestjoer, dat foarme wurdt troch de Deputearre Steaten.

Steateleden

De leden fan de Provinsjale Steaten (Steateleden) wurde om de fjouwer jier streekrjocht keazen troch de stimrjochtige ynwenners fan de provinsje. It tal leden hinget ôf fan it ynwennertal en rint fan 39 foar in provinsje mei minder as 400.000 ynwenners, oant 55 foar in provinsje mei mear as 2.500.000 ynwenners.

Op harren beurt kieze dizze keazenen wer de leden fan de Deputearre Steaten en fan de Earste Keamer.

Fan 1813 oant 1850 keazen de aadlike leden fan de ridderskippen ien tredde fan de leden fan Provinsjale Steaten. De herfoarmings fan Thorbecke en de provinsjewet fan 1850 hawwe oan dat aadlike privileezje in ein makken.

Ferleging tal sitten

Troch in feroaring fan de Provinsjewet is by de Provinsjale Steateferkiezings fan 7 maart 2007 it totale tal fan Steateleden ferlege fan 764 nei 564. It maksimum fan 83 Steateleden waard ferlege nei 55, foar provinsjes mei mear as 2.000.000 ynwenners. It minimum fan 39 bleau gelyk, mar it minimum, dat gou foar provinsjes mei minder as 200.000 ynwenners, jildt sûnttiid foar provinsjes mei minder as 400.000 ynwenners. In oersjoch fan de feroaring yn sitten per provinsje:

Provinsjeo/m 200320072011201520192023
Grinslân554343434343
Fryslân554343434343
Drinte514141414143
Oerisel634747474747
Flevolân473939414141
Gelderlân755355555555
Utert634747494949
Noard-Hollân835555555555
Súd-Hollân835555555555
Seelân473939393939
Noard-Brabân795555555555
Limboarch634747474747
totaal764564566570570572

In gefolch fan dizze ferleging fan it tal sitten is dat de kiesdrompel omheech gean sil. Ofhinklik fan de provinsje sil de kiesdrompel tusken 1,5% en goed 2% fan de stimmen lizze. Dêrtroch sil it dreger wurde foar lytse partijen om in sit heljen. Dat kin ek gefolgen hawwe foar de fertsjintwurdiging fan lytse partijen yn de Earste Keamer.

Ferkiezingsútslaggen

Under oaren troch ôfsplissings kin it tal sitten binnen ien sittingsperioade feroarje. Dizze tabellen jouwe allinnich de gearstalling fan flak nei de ferkiezings.

2003

Oare partijen:

  • Fryslân: FNP 7, Gemeentebelangen Friesland 1
  • Grinslân: Partij voor het Noorden 2
  • Drinte: Onafhankelijke Partij Drenthe 1, Drents Belang/Drentse Ouderenpartijen 1,
  • Noard-Hollân: Ouderenpartij Noord-Holland/Verenigde Senioren Partij 1
  • Súd-Hollân: Leefbaar Zuid-Holland 1
  • Seelân: Partij voor Zeeland 2
  • Noard-Brabân: Leefbaar Brabant/Brabantse Onafhankelijke Federatie 1
  • Limboarch: Partij Nieuw Limburg 2
Provinsje2003
CDAPvdAVVDGLSPD66CUSGPLPFoaretotaal
Fryslân1615632131855
Grinslân122075324-0255
Drinte12199402201251
Oerisel24159332421063
Flevolân101211322412047
Gelderlân241813543341075
Utert161414634321063
Noard-Hollân17242085512183
Súd-Hollân202018544344183
Seelân13107221361247
Noard-Brabân30171546312179
Limboarch28149342--1263
totaal22219813851383126191719764
5

2007

Oare partijen:

  • Fryslân: FNP 5
  • Grinslân: Partij voor het Noorden 1
  • Utert: Mooi Utrecht 1
  • Noard-Hollân: Ouderenpartij Noord-Holland/Verenigde Senioren Partij 1
  • Súd-Hollân: Leefbaar Zuid-Holland 1
  • Seelân: Partij voor Zeeland 2
  • Noard-Brabân: Brabantse Partij 1
  • Limboarch: Partij Nieuw Limburg 1
Provinsje2007
CDAPvdAVVDSPCUSGPGLD66PvdDoaretotaal
Fryslân1212523-200543
Grinslân912574-311143
Drinte1013853020-041
Oerisel1796652200047
Flevolân879651201039
Gelderlân15109743311053
Utert11810541421147
Noard-Hollân10111392522155
Súd-Hollân131012842311155
Seelân106653520-239
Noard-Brabân18811121211155
Limboarch188790-211147
totaal151114101833514329913564
3

2011

Oare partijen:

Provinsje2011
VVDPvdACDAPVVSPD66GLCUSGP50+PvdDoaretotaal
Fryslân611843223-00443
Grinslân612536333-01143
Drinte91264422200-041
Oerisel891144323210047
Flevolân96463323111039
Gelderlân119965443211055
Utert117654542111047
Noard-Hollân131156565111155
Súd-Hollân1210685532211055
Seelân77653212400239
Noard-Brabân127108853011055
Limburch8610106230-20047
totaal11210786695642342312978566
1

2015

Oare partijen:

  • Fryslân: FNP 4
  • Grinslân: Groninger Belang 3, Partij voor het Noorden 1
  • Drinte: Sterk Lokaal 1
  • Noard-Hollân: Ouderenpartij Noord-Holland 1
  • Seelân: Zeeland Lokaal 1, Partij voor Zeeland 1
  • Noard-Brabân: Lokaal Brabant 1
  • Limburch: Volkspartij Limburg 1, Lokaal-Limburg 1
Provinsje2015
VVDCDASPD66PVVPvdAGLCUSGPPvdD50+oaretotaal
Fryslân59534713-11443
Grinslân45843634-2-443
Drinte765457230-1141
Oerisel611555524211047
Flevolân75546323222041
Gelderlân99675634321055
Utert96494543221049
Noard-Hollân115610674131155
Súd-Hollân107578533322055
Seelân664344126-1239
Noard-Brabân10997743122155
Limburch51184942--11247
totaal898970676663302918181415570
2

2019

Oare partijen:

Ferdieling nei partij

Provinsje2019
FVDVVDCDAGLPvdAD66PVVSPCUSGPPvdD50+DENKoaretotaal
Fryslân6483623230110443
Grinslân543653244110543
Drinte6654623330110141
Oerisel669543334211047
Flevolân8634324231221041
Gelderlân8876543343220055
Utert6858452241211049
Noard-Hollân994966331311055
Súd-Hollân111045454232221055
Seelân5472412225120239
Noard-Brabân9108535451220155
Limburch759433740210247
totaal868072615341403531142017415570
1

2023

Oare partijen:

Ferdieling nei partij

Provinsje2023
BBBVVDGLPvdACDAPVVD66PvdDSPJA21CUSGPFVDVolt50+oaretotaal
Fryslân143354211112-1-0543
Grinslân1225522222203110443
Drinte1742432122120110141
Oerisel1744342211232110047
Flevolân10433232222222-1141
Gelderlân1465542322233121055
Utert767342531232121049
Noard-Hollân88772344231-222055
Súd-Hollân886444432422221055
Seelân946[1]521111151-0239
Noard-Brabân119544442421[2]111255
Limburch105435632320-1-1247
totaal13736514643343225232222161511817572
61

Ferdieling nei provinsje

Partij2019Partij
TotaalFryslânGrinslânDrinteOeriselFlevolânGelderlânUtertNoard-HollânSúd-HollânSeelânNoard-BrabânLimburch
FVD866566886911597FVD
VVD8044666889104105VVD
CDA72835937544789CDA
GL61364546895254GL
PvdA53656435464433PvdA
D6641232324565153D66
PVV40323343234247PVV
SP35243323232254SP
CU31343434413200CU
PvdD20111122232122PvdD
50+1711112211222150+
SGP15002131251SGP
DENK4000010111000DENK
oare1545100000212oare
Totaal570434341474155495555395547Totaal

Namme

Yn maaie 2008 besletten de Limboarchske Provinsjale Steaten harsels om te dopen ta Limboarchsk parlemint. Dêrmei is Limburch de iennige provinsje dêr't de folksfertsjintwurdiging net mear "Provinsjale Steaten" neamd wurdt.

Sjoch ek

Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  1. PvdA/GL diene meiïnoar mei op ien list
  2. SGP/CU diene meiïnoar mei op ien list
This article is issued from Wikipedia. The text is licensed under Creative Commons - Attribution - Sharealike. Additional terms may apply for the media files.