Olst-Wijhe (Nedersaksysk: Olst-Wieje) is in gemeente yn de provinsje Oerisel, mei 18.838 ynwenners (1 jannewaris 2024, boarne: CBS), en mei in oerflak fan 118,50 km² (wêrfan 2,52 km² wetter). De gemeente ûntstie yn 2001 út 'e fúzje fan 'e eardere gemeenten Wijhe en Olst.

Plakken

De haadplakken fan de gemeente binne Olst en Wijhe, en de oare plakken yn de gemeente binne: Boerhaar, Boskamp, Den Nul, Duur, Eikelhof, Elshof, Fortmond, Hengforden, Herxen, Marle, Middel, Welsum en Wesepe.

Keppeling om utens

Oerisel
Flagge fan de provinsje Oerisel
Flagge fan de provinsje Oerisel
Almelo - Borne - Dalfsen - Dimter - Dinkellân - Haaksbergen - Hardenberg - Hellendoorn - Hengelo - Hôf fan Twinte - Ynskedee - Kampen - Losser - Oldenzaal - Olst-Wijhe - Ommen - Raalte - Rijssen-Holten - Staphorst - Stienwikerlân - Swartewetterlân - Swol (haadstêd) - Tubbergen - Twinterâne - Wierden
wizigje
This article is issued from Wikipedia. The text is licensed under Creative Commons - Attribution - Sharealike. Additional terms may apply for the media files.