Mabton
Polityk
LânFeriene Steaten
SteatWashington.
CountyYakima County
Sifers
Ynwennertal2286 (2010)
Oerflak2,07 km²
Befolkingsticht.1103,3 / km²
Hichte218 m
Oar
Stifting1884
TiidsônePacific (PST) UTC-8
SimmertiidUTC-7
Offisjele webside
cityofmabton.com
Haadstrjitte (Mainstreet) fan Mabton

Mabton is in plak (city) yn Yakima County, yn de steat Washington, Feriene Steaten. It hat neffens de folkstelling fan 2010 in ynwennertal fan 2286. It leit sa'n 60 km súdeastlik fan Yakima en leit oan 'e eastrâne fan it Yakama Yndianereservaat.

Skiednis

Mabton's earste bewenners wiene de Yakama yndianen. Hja waarden twongen yn in reservaat yn 1855. Yn 1884 wie it begjin fan Mabton. It Noard Pasifysk Spoar (Northern Pacific Railway) boude hjir it spoar lâns en op it plak fan Mabton waard in wettertoer en in stasjontsje boud.
Yn 1892 kaam Sam P. Flower en boude in winkel en warehûs. Hy waard de earste postrinner. In Sweedske spoararbeider, Charlie Sandburg hat de namme oan it plak jûn. Hy neamde it earst Mabletown, mar it waard letter feroare ta Mabton. Yn 1895 wiene der yn Mabton al ferskate winkels, in hotel, in spoaropslachskuorre en in skoalle. De plattegrûn waard ûntwurpen yn 1902 en yn 1904 wiene der al mear as 10 saken en in krante. Ek bordelen wiene yn it plak te finen. Op 7 novimber 1905 waard de gemeente foarme en Mabton waard in town.
In grutte brân hat letter in protte yn it stedsje ferwoaste. Hjoed-de-dei bestiet it grutste part fan de befolking út emigranten fan Meksikaansk komôf dy't benammen wurksum binne yn 'e lânbou. Foaral hop en drúven waakse yn de omkriten fan Mabton.

Op 23 desimber 2003 wie it earste BSE-gefal yn de Feriene Steaten op in molkfee bedriuw tichteby Mabton. It wie letter fêstlein dat de ko út Kanada ynfiert wie nei de FS.

This article is issued from Wikipedia. The text is licensed under Creative Commons - Attribution - Sharealike. Additional terms may apply for the media files.