Auschwitz I - Dûbelt stikeltried om it kamp hinne. Op de triedden stie in deadlike elektryske spanning
Boerefroulju en -bern yn in Britsk konsintraasjekamp yn de Twadde Boere-oarloch, om 1900
Finzenen yn Buchenwald by harren befrijing 1945

In konsintraasjekamp is in kamp dêr't minsken, meastal ûnder militêre twang, byelkoar brocht wurde. It is in ynrjochting om politike tsjinstanners of oars net winske minsken op grûn fan etnyske, religieuze as sosjale skaaimerken te isolearjen en psychysk en/of fysyk te brekken, en yn guon gefallen dea te dwaan. It opsluten yn in kamp bart meast troch administrative hannelingen, sûnder rjochtspraak en rjochtshelp, foar in ûndúdlike tiid en sûnder dat minsken der wat oer te sizzen hawwe. It begryp konsintraasjekamp wurdt troch de measte minsken streekrjocht yn ferbân brocht mei it gebrûk yn de Twadde Wrâldkriich.

Skiednis

Nederlânske slachtoffers yn Dútske konsintraasjekampen

It krekte tal Nederlânske deaden yn Dútske konsintraasjekampen is net witten. De neifolgjende feiten binne basearre op getallen fan de Nederlandse Oorlogsgravenstichting wat it lêste rêstplak yn de omkriten fan in tal kampen. De sifers fan Kamp Westerbork komme út it argyf fan de gemeentes Midden-Drinte en Assen. Kamp Amersfoart en Kamp Vught neffens eigen opjefte.

konsintraasjekampNederlânske deaden
Kamp Amersfoart468
Auschwitz57000
Bergen-Belsen1700
Buchenwald750
Dachau600
Esterwegen10
Flossenbürg150
Groß-Rosen370
Majdanek90
Mauthausen1650
Natzweiler100
Neuengamme3000
Ravensbrück260
Sachsenhausen600
Sobibór34500
Stutthof25
Vught699
Kamp Westerbork733
Zöschen120

Oare Dútske kampen dêr't in protte Nederlanners it libben ferlern hawwe:

Dútslân

De sân naziferneatigingskampen:

Itaalje

Italjaanske konsintraasjekampen sûnt begjin 1942:

  • Risiera di San Sabba yn Triëst
  • Rab, eilân yn Dalmaasje
  • Chiesanuova by Padua
  • Molat, eilân yn Dalmaasje
  • Monigo bij Treviso
  • Renicci di Anghiari by Arezzo
  • Visco by Palmanova

Kroaasje

Ferneatigingskamp:

  • Jasenovac

Nederlânsk-Ynje

  • Boven Digul

Nederlân

  • Vught (Konzentrationslager Herzogenbusch)
  • Amersfoart (Polizeiliches Durchgangslager Amersfoort)
  • Westerbork (Polizeiliches Durchgangslager Westerbork)
  • Schaarshoek (Joadsk straf- en wurkkamp by Heino)

Tsjechje

Belgje

  • Breendonk
  • Dossinkazerne, trochgongskamp foar (fral) Joaden ûnderweis nei Auschwitz

Roemeenje

  • Mear as ien kamp yn it gûvernemint Transnistrje.

Sjoch ek

Boarnen, noaten en/as referinsjes:
    This article is issued from Wikipedia. The text is licensed under Creative Commons - Attribution - Sharealike. Additional terms may apply for the media files.