Kaart fan it Keninkryk Hannover.

It Keninkryk Hannover wie in lân dat tusken 1814 en 1866 bestien hat. It is in fuortsetting fan it Karfoarstedom Braunschweig-Lüneburg. Oant 1837 waard Hannover yn in personiele uny mei it Feriene Keninkryk regearre en wie lidsteat fan it Dútske Bûn. It lân ûntstie by it Kongres fan Wenen yn 1814. Yn 1866 waard Hannover nei de Prusysk-Eastenrykske Kriich troch Prusen anneksearre en waard in provinsje binnen Prusen. It greeflike Eastfryslân en it Lân Woersten wienen ûnderdiel fan it Keninkryk Hannover.

Steatshaden fan Hannover

NammeOfbyldRegearingsperioadeLibbenFrou
George III
Earder Karfoarst fan Hannover
1814-18201738-1820Sophia Charlotte fan Mecklenburg-Strelitz
George IV
Prins fan Wales
1820-18301762-18301e: Maria Fitzherbert (1785-1796)
2e: Caroline fan Brunswyk (1796-1821)
Willem
Eigentlike regearingsnamme wie Willem IV
Hartoch fan Clarence en Saint Andrews
1830-18371765-1837Adelheid fan Saksen-Meiningen.
Ernst August
Hartoch fan Cumberland en Teviotdale
1837-18511771-1851Frederika fan Mecklenburg-Strelitz.
George V
Hartoch fan Cumberland en Teviotdale
1851-18661819-1878Marie fan Saksen-Altenburg.
This article is issued from Wikipedia. The text is licensed under Creative Commons - Attribution - Sharealike. Additional terms may apply for the media files.