

Hallumerhoeke: Hege Hearrewei

Monumint Mariëngaarde
Hallumerhoeke, ek Hallumerhoek, is in buorskip yn de gemeente Noardeast-Fryslân. Hallumerhoek leit yn de himrik fan Hallum en leit oan de Mariëngaarderwei beëasten Aldebiltsyl yn de hoeke fan twa diken. De buorskip hat in tal hûsterpen.
De eardere premonstratinzer abdij Mariëngaard ('Hortus sanctae Mariae') lei op de Hallumerhoek (boud yn 1163). Op dat plak stiet no in pleats mei deselde namme. Oan de wei stiet in ynformaasjeboerd en healwei de opreed stiet in stiennen monumint, makke fan oerbliuwsels fan it kleaster, dat ek fungearret as stimpelpost foar dielnimmers oan it Jabikspaad.
Sjoch ek
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
|
This article is issued from Wikipedia. The text is licensed under Creative Commons - Attribution - Sharealike. Additional terms may apply for the media files.