Geert Jelle de Vries (Skearnegoutum, 6 oktober 1974) is in âld Frysk proffuotballer.

De Vries fuotballe by de amateurs fan Fuotbalferiening Skearnegoutum en Hubert Snits. Yn 1992 gie hy nei SK It Hearrenfean ta. Hjir fertsjinne hy in kontrakt en op 30 april 1995 yn de wedstriid tsjin Sparta Rotterdam debutearre hy yn it betelle fuotbal. Yn dat seizoen soe it by dizze wedstriid bliuwe. Ek yn it seizoen 1995/1996 kaam hy net folle oan spyljen ta, dêrom gie hy yn de simmer fan 1996 nei SK Cambuur Ljouwert. Hjir waard hy faker ynset, mar troch in stik as wat blessueres kaam hy yn de seizoenen 1999/2000 en 2000/2001 yn totaal mar tsien kear yn aksje. Yn 2002 waard it ôfrinnende kontrakt fan De Vries net ferlinge. By Cambuur makke hy ûnder oare de twadde promoasje fan de klup yn 1998 nei de Earedifyzje mei. Ek de degradaasje yn 2000 hat hy as spiler mei krigen.

In nije profklup siet der foar De Vries net yn, dêrom gie hy foar de amateurs fan SK De Jouwer fuotbaljen. By De Jouwer waard hy in it earste jier kampioen fan de earste klasse, wêrtroch de ploech it jier dêrop yn de haadklasse útkomme soe. Sûnt it seizoen 2006/2007 spilet De Vries foar Snits Wyt Swart.

Karriêre

Hjirûnder de statistiken fan Geert Jelle de Vries yn it proffuotbal. Allinnich de kompetysjewedstriden binne hjir yn te sjen.

Seizoen Klub Kompetysje Wedstriden Doelpunten
1994-1995flagge fan Nederlân SK It HearrenfeanEaredifyzje10
1996-1996flagge fan Nederlân SK It HearrenfeanEaredifyzje50
1996-1997flagge fan Nederlân SK Cambuur LjouwertEarste difyzje140
1997-1998flagge fan Nederlân SK Cambuur LjouwertEarste difyzje213
1998-1999flagge fan Nederlân SK Cambuur LjouwertEaredifyzje201
1999-2000flagge fan Nederlân SK Cambuur LjouwertEaredifyzje50
2000-2001flagge fan Nederlân SK Cambuur LjouwertEarste difyzje50
2001-2002flagge fan Nederlân SK Cambuur LjouwertEarste difyzje192
Totaal846

Keppeling om utens

This article is issued from Wikipedia. The text is licensed under Creative Commons - Attribution - Sharealike. Additional terms may apply for the media files.