Landkreis Göttingen
flagge wapen
polityk
soarte gebietlânkring
lân Dútslân
bûnslân Nedersaksen
haadplakGöttingen
tal gemeenten39
kentekenGÖ, DUD, HMÜ, OHA
Kreisschlüssel03 1 59
sifers
ynwennertal323.900 (2020)
oerflak1.753,41 km²
befolkingstichtens185 / km²
oar
stifting1973
tiidsôneUTC +1
simmertiidUTC +2
koördinaten51°30′ N 9°56′ E
websideside lânkring Göttingen

De Landkreis Göttingen is de meast súdlike lânkring fan it Dútske bûnslân Nedersaksen. De grinzen fan de hjoeddeiske lânkring Göttingen ûnstiene op 1 novimber 2016, doe't de besteande lânkring mei Osterode am Harz útwreide waard.

Geografy

De lânkring grinzget mei de klok mei (begjinnend fanút it noarden) oan de lânkringen Northeim en Goslar (Nedersaksen), oan de lânkringen Nordhausen en Eichsfeld (Thüringen) en oan de Werra-Meißner-Kreis, oan de lânkring Kassel, oan de kreisfreie stêd Kassel en oan de eksklave Kragenhof (Hessen).

It westlike diel fan de lânkring heart noch by it Weserberchlân, wylst it easten fan de lânkring in part fan de Harz foarmet. De heechste bergen fan de lânkring lizzen yn de Harz mei toppen oant 860 meter boppe seenivo. De rivier de Leine rint troch de sintrale haadstêd Göttingen. Yn Münden yn it suden fan de lânkring rinne de Werra en de Fulda tegearre. Fanôf dat punt hjit de rivier de Weser, dy't fierderop de westlike grins fan de lânkring foarmet.

Hast de helte (45%) fan de lânkring bestiet út bosk. Yn de lânkring lizze sân bekende grotten: de Himmelreichhöhle eastlik fan Walkenried, de Lichtensteinhöhle by Osterode, de Jettenhöhle yn it natoergebiet Gipskarstlandschaft Hainholz westlik fan Düna, de Marthahöhle yn itselde natoergebiet by Düna, de Steinkirche Scharzfeld by Scharzfeld, de foar toeristen iepene Iberger Tropfsteinhöhle by Bad Grund en Einhornhöhle by Scharzfeld.

Gemeenten

Gemeenten yn de lânkring Göttingen
Ienheidsgemeenten
  • Adelebsen, flekke
  • Bad Grund (Harz) (bestjoerssit yn Windhausen)
  • Bad Lauterberg im Harz, stêd
  • Bad Sachsa, stêd
  • Bovenden, flekke
  • Duderstadt, stêd, selstannige gemeente
  • Friedland (bestjoerssit yn Groß Schneen)
  • Gleichen (bestjoerssit yn Reinhausen)
  • Göttingen, haadstêd
  • Hann. Münden, stêd, selsstannige gemeente
  • Herzberg am Harz, stêd
  • Osterode am Harz, stêd
  • Rosdorf
  • Staufenberg
  • Walkenried
Samtgemeinden mei de dêrûnder fallende gemeenten

Samtgemeinde Dransfeld

  • Bühren
  • Dransfeld, stêd *
  • Jühnde
  • Niemetal (bestjoerssit yn Varlosen)
  • Scheden

Samtgemeinde Gieboldehausen

  • Bilshausen
  • Bodensee
  • Gieboldehausen, flekke *
  • Krebeck
  • Obernfeld
  • Rhumspringe
  • Rollshausen
  • Rüdershausen
  • Wollbrandshausen
  • Wollershausen

Samtgemeinde Hattorf am Harz

  • Elbingerode
  • Hattorf am Harz *
  • Hörden am Harz
  • Wulften am Harz

Samtgemeinde Radolfshausen

  • Ebergötzen *
  • Landolfshausen
  • Seeburg
  • Seulingen
  • Waake
Gemeentefrij gebiet (ûnbewenne)
  • Harz (Landkreis Göttingen) (267,37 km²)
 
Nedersaksen
Flagge fan Nedersaksen
Landkreise

Aldenburch - Ammerland - Auwerk - Celle - Cuxhaven - Diepholz - Fryslân - Gifhorn - Goslar - Göttingen - Greefskip Bentheim - Hameln-Pyrmont - Regio Hannover - Harburg - Heidekreis - Helmstedt - Hildesheim - Holzminden - Iemslân - Kloppenburch - Lier - Lüchow-Dannenberg - Luneburch - Nienburg - Northeim - Osnabrück - Osterholz - Peine - Rotenburg - Schaumburg - Stade - Uelzen - Vechta - Verden - Wesermarsch - Wittmund - Wolfenbüttel

Kreisfreie Städte
Aldenburch - Breunswyk - Delmenhorst - Emden - Osnabrück - Salzgitter - Wilhelmshaven - Wolfsburg

This article is issued from Wikipedia. The text is licensed under Creative Commons - Attribution - Sharealike. Additional terms may apply for the media files.