Finkegea
De eardere tsjerke, tsjintwurdich it doarpshûs
De eardere tsjerke, tsjintwurdich it doarpshûs
Polityk
Lân Nederlân
Provinsje Fryslân
Gemeente Weststellingwerf
Sifers
Ynwennertal205 (1 jannewaris 2023)[1]
Oerflak5,16 km², wêrfan:
- lân: 5,14 km²
- wetter: 0,02 km²
Befolkingsticht.39 ynw. / km²
Oar
Postkoade8393
TiidsôneUTC +1
SimmertiidUTC +2
Koördinaten52° 52' N 6° 6' E
Lokaasje Finkegea (grien) yn de gemeente Weststellingwerf
Lokaasje Finkegea (grien) yn de gemeente Weststellingwerf
Offisjele webside
Side Finkegea
Kaart
Finkegea (Fryslân)
Finkegea

Finkegea is in doarp súdwest fan Noardwâlde yn de gemeente Weststellingwerf. In echte kearn hat it doarp net, de measte minsken wenje in ein út inoar.

It doarp hat 205 (1 jannewaris 2023)[2] ynwenners.

Skiednis

De doarpsnamme hat neat te krijen mei de fink as fûgel. Fingegea lei eartiids tusken hege feanen bylâns de provinsjegrins en de feangrûnen yn 'e delling fan 'e Linde en it leit yn 'e reden dat it doarp de namme ûntliende oan de feanterij.

'Finke' soe 'leech feanlân' betsjutte kinne, mar yn Midden-Nederlân is in fink ek in minne turf. Tal fan plaknammen yn âlde Nederlânske feanstreken binne gearstald mei 'fink’ yn 'e betsjutting fan in lichte feansoarte wêrút lichte turf makke waard.

Yn de âldste oarkunden wurdt de plaknamme skreaun mei de begjinletter 'F', wat mooglik ynfloed fan it Frysk west hat wêryn't de 'f' de 'v' ferfangt. Yn rintmasterrekkens fan Eaststellingwerf wurdt it plak yn 1526 al mei in 'V' as Vinckegae skreaun.

It doarp wie eartiids tsjerklik by it âldere Steggerda yndield en waard dêrom ek wol Nije-Steggerden neamd.

Mienskip

Yn 2010 waard de tsjerke fan Finkegea nei in tiid fan ferfal oernommen fan de tsjerkemienskip troch de Stifting Behâld Finkegea.[3][4] De tsjerke waard renovearre en ferboud ta it multykulturele sintrum fan it doarp. Sûnt de jierren 1970 hie de toer gjin spits mear, dy't eartiids fanwegen brekfalligens ferfongen wurde moast troch in ûnsjoch ôfdak. Yn 2022 krige de eardere tsjerke en it hjoeddeiske doarpshûs wer in spits, dy't oarspronklik op de kapel fan it katolike sikehûs Joannes de Deo yn Haarlim stien hat.[5] De feriening fan Pleatslik Belang is yn oktober 1987 stifte.[6]

Tsjerke

De Wikipedy hat ek in side Tsjerke fan Finkegea.

PKN-gemeente Lindestreek

Befolkingsferrin

Jier1840195419591964196919732007
Ynwenners344386389311217237207
Jier20152020
Ynwenners198200

(Boarnen: 1840: Plaatsengids.nl; 2015 en 2020: Alle Cijfers)

Eveneminten

  • Peaskefjoer (earste peaskedei)

Gaswinning

Yn 'e himrik fan it doarp leit yn in grutter gebiet in gasfjild, dêr't de firma Vermillion oant 2032 gas winne mei. Fanwegen it sakjen fan de boaiem besocht in ynwenner oant de Ried fan Steat dêr om 'e nocht earder in ein oan te meitsjen. Ferskillende organisaasjes lykas de gemeente besochten dêrnei it Ministearje fan Ekonomyske Saken mei wat hja der oer tochten ta in oar beslút te bewegen, mar dy waarden troch de doetiidske minister yn 2021 oan 'e kant skood om't it sakjen fan de boaiem fan goed 5 sintimeter gjin gefaar opleverje soe.[7][8]

Ferskaat

Strjitten

Noardwâlderwei, Schoollaan, Westvierdeparten, Suderwei.

Sjoch ek

Boarnen, noaten en/as referinsjes:
Weststellingwerf
Doarpen en útbuorrens:
AldeholtpeaAldeholtwâldeAldetrineAldlemmerBlesdikeDe BlesseBoylEasterstreekFinkegeaDe HoeveDe LangelilleMunnikebuorrenNijeholtpeaNijeholtwâldeNijetrineNijlemmer NoardwâldePepergeaSânhuzenSkerpenseelSlikenboarchSonnegeaSpangeaSteggerdaTeridzertWolvegea
Buorskippen:
BoekelteDe GrêftRysberkampenSkoattersyl (foar in part)
wizigje
This article is issued from Wikipedia. The text is licensed under Creative Commons - Attribution - Sharealike. Additional terms may apply for the media files.