Ferbettere readbûnt fleisfeeras is in jong fleistypysk koweras, it iennichste yn syn soarte dat oarspronklik út Nederlân komt.

De oarsprong fan it ras leit yn it dûbeltdoelras Maas-Ryn-Isel (MRIJ). Mei dat ras is der fokt op bisten mei mear bespiering en sa is it nije ras ûntstien: Ferbettere readbûnt fleisfeeras. Sûnt 1 maart 1988 hat dit ras syn eigen stamboek.

Skaaimerken

De bisten fan dit ras binne readbûnt, lykas it MRIJ-ras. Der binne twa typen, de A-rjochting (mei luksebespiering) en de B-rjochting (net groubil). By beide types wurdt stribbe nei in sa leech as kin tal befallings mei problemen (dy't benammen by groubilkij geregeldwei foarkomme).

Boarnen, noaten en/as referinsjes:
This article is issued from Wikipedia. The text is licensed under Creative Commons - Attribution - Sharealike. Additional terms may apply for the media files.