Elburch

Haven
flaggewapen
lokaasje
polityk
lânflagge fan Nederlân Nederlân
provinsje Gelderlân
sifers en geografy
haadplakElburch
grutste plakElburch
ynwennertal23.915 (1 jannewaris 2024)
befolkingstichtens376 ynw./km²
oerflak65,91 km²
● wêrfan lân63,82 km²
● wêrfan wetter2,09 km²
ferkearsierenN308 N309 N310
skiednis
oprjochte
oar
postkoade8080-8082, 8084-8085
tiidsôneUTC +1
simmertiidUTC +2
websidewww.elburg.nl

Elburch (Nederlânsk: Elburg) is in gemeente yn de provinsje Gelderlân. De gemeente hat ynwenners (1 jannewaris 2024, boarne: CBS) en in oerflak fan 65,95 km². It gemeentehûs, dat iuwenlang yn de âlde stêd fan it haadplak Elburch stie, stiet no yn de wyk Oostendorp, in earder oan de stêd grinzjend buorskip. Elburch krige yn 1233 stedsrjochten, itjinge as it begjin fan it gemeentlik bestjoer sjoen wurde kin.

Topografyske kaart fan de gemeente Elburch (2015

Oare kearnen

Oare kearnen yn de gemeente Elburch:

Sjoch foar de rest fan de gemeente: Doornspijk

Ferkear en ferfier

De measte wenkearnen yn de gemeente lizze fuort oan de Suderseestrjitwei en wurde betsjinne troch Systus Gelderlân-busline 100 (Swol-Nunspeet) en de flugge tsjinst 200 (Elburch-Swol). De kearn 't Harde leit oan de autodyk A28 en oan de spoarline Utert - Swol. Twaris yn it oere per rjochting wurdt 't Harde oandien troch in stoptrein. Sûnt koart hat de gemeente ek syn eigen buertbus. Line 514 pindelt tusken 't Harde en Wezep fia de Hoge Enk, Elburch, Oosterwolde, Oldebroek, Mullegen, en ´t Loo.

Polityk

Gemeenteried

De gemeenteried fan Elburg bestiet út 19 sitten. Gearstalling fan de ried sûnt 1994:

Gemeenteriedssetels
Partij19941998200220062010201420182022
CU*34433454
Algemien Belang33444444
Elburch Belied----2223*
LEV-------3
SGP43333332
CDA44433222
VVD22221221
PvdA*3323211-
Gemeentebelang---11---
Totaal1919191919191919
  • Yn 1994 en 1998 die de RPF/GPV, ien fan de foargongers fan de KristenUny mei oan de ferkiezingen.
  • Yn 1994 en 1998 hie de PvdA in mienskiplike list mei D66.
  • Yn 2022 hiene PfdA en Elburch Belied in mienskiplike list.

Boargemasters

  • 2001-2007 Hendrik Visser (KristenUny). De Elburger boargemaster wie ûnder mear boargemaster fan Arnemuiden (1990-1997) en Nij-Lekkerlân (1997-2001). Hy wie fan maaie 2001 oant en mei oktober 2007 boargemaster fan Elburch.
  • 2007- 2017 Frans de Lange (1966). De eardere wethâlder fan Hurderwyk waard unanym foardroegen troch de gemeenteried.
  • 2017-2017 Harry Dijksma (VVD) wie waarnimmend boargemaster fan 1 febrewaris 2017 oant en mei 9 oktober 2017.
  • 2017- Jan Nathan Rozendaal (SGP) is fan 13 oktober 2017 ôf boargemaster fan Elburch.
Boarnen, noaten en/as referinsjes:
    Gelderlân
    Flagge fan de provinsje Gelderlân
    Flagge fan de provinsje Gelderlân
    Aalten - Alde Iselstreek - Apeldoarn - Arnhim (haadstêd) - Barneveld - Berg en Dal - Berkelland - Beuningen - Bronckhorst - Brummen - Buren - Culemborg - Doesburch - Doetinchem - Druten - Duiven - East-Gelre - Ede - Elburch - Epe - Ermelo - Harderwyk - Hattem - Heerde - Heumen - Lingewaard - Lochem - Maasdriel - Montferland - Neder-Betuwe - Nijkerk - Nimwegen - Nunspeet - Oerbetuwe - Oldebroek - Putten - Renkum - Rheden - Rozendaal - Sâltbommel - Skerpenseel - Sutfen - Tiel - Voorst - Wageningen - West-Betuwe - West-Maas en Waal - Westervoort - Wijchen - Winterswyk - Zevenaar
    wizigje
    This article is issued from Wikipedia. The text is licensed under Creative Commons - Attribution - Sharealike. Additional terms may apply for the media files.