Ede

Lângoed Hoekelum
flaggewapen
lokaasje
polityk
lânflagge fan Nederlân Nederlân
provinsje Gelderlân
boargemasterRené van Hulst (CDA)
sifers en geografy
haadplakEde
grutste plakEde
ynwennertal123.441 (1 jannewaris 2024)
befolkingstichtens377 / km²
oerflak318,62 km²
● wêrfan lân318,18 km²
● wêrfan wetter0,44 km²
tal doarpen10
ferkearsierenA12 A30 N224 N304 N310 N781 N801 N804
Spoarline Amsterdam-Elten
Spoarline Nijkerk-Ede-Wageningen
skiednis
oprjochte
oar
netnûmer026, 0318, 0342
postkoade6710-6718, 6720-6721, 6730-6733, 6740-6741, 6744-6745, 6877
tiidsôneUTC +1
simmertiidUTC +2
websidewww.ede.nl

Ede (Lûdsfragmint útspraak, Nedersaksysk: Ee) is in gemeente yn de Nederlânske provinsje Gelderlân, oan de westkant fan de Feluwe en yn de súdlike Gelderske Fallei. De gemeente hat 123.441 ynwenners (1 jannewaris 2024, boarne: CBS) en omfiemet likernôch 32.000 bunder en yn dat grûngebiet lizze, njonken it haadplak Ede de kearnen Bennekom, Deelen, Ederveen, Harskamp, Hoenderloo (foar in part), De Klomp, Lunteren, Wekerom en in stikmannich útbuorrens en buorskippen. De gemeente Ede wurket gear mei de gemeenten Rhenen, Wageningen, Veenendaal, Barneveld, Nijkerk, Skerpenseel en Renswoude yn it regionaal gearwurkingsferbân Regio Foodvalley.

Op 1 jannewaris 1812 waarden Bennekom, Lunteren en Otterlo fan Ede ôfspjalte en foarmje harren eigen gemeenten, dochs binne op 1 jannewaris 1818 fannijs gearfoege by Ede.

Geografy

De gemeente hat in totaal oan 123.441 ynwenners (1 jannewaris 2024, boarne: CBS). Yn 1850 hie de gemeente 9.004 ynwenners en 100 jier letter 45.896. Yn febrewaris 2013 waard de grins fan 110.000 ynwenners helle.

It tal hinnen yn de gemeente Ede is it grutste fan alle Nederlânske gemeenten: 3,6 miljoen hinnen (2020).

Wenplakken

WenplakYnwenners
2021
Ede76.750
Bennekom15.270
Lunteren13.775
Ederveen3.685
Harskamp3.545
Wekerom2.715
Otterlo2.215
De Klomp460
Deelen40
Hoenderloo (¹)50

¹ It grutste part heart by de gemeente Apeldoarn.

Oare kearnen

Buorskippen en oare net offisjele kearnen: Doesburgerbuurt, Driesprong, Eschoten, De Ginkel, Hoekelum, Hoog-Baarlo, De Kade, De Kraats, Meulunteren, Mossel, Nederwoud, Nergena, Nieuw-Reemst, Oud-Reemst, Overwoud, Roekel, De Valk, Walderveen en Westeneng

Gea

De gemeente Ede hat in ferskaat oan lânskippen. Om syn lizzing op de driuwwâlen fan de Feluwe is de bosk, heide, en sânferstowings. Ede en Bennekom ûntstiene op in driuwwâl. Om syn hegere lizzing waarden de plakken gaadlik foar it wenjen. De hege (drûge) heidegeaen foar skiep, legere greide foar it oare fee, mei dêrtusken yn de gebieten dêr't ikkerbou plakfûn. Ynearsten bestie de bewenning út nomaden, likernôch 3000 f.Kr., mar letter ûntstie der in fêste bewenning en doe ûntstiene der bestjoerlike sintrums.

Ofbylden

Topografyske gemeentekaart fan Ede

Keppeling om utens

Gelderlân
Flagge fan de provinsje Gelderlân
Flagge fan de provinsje Gelderlân
Aalten - Alde Iselstreek - Apeldoarn - Arnhim (haadstêd) - Barneveld - Berg en Dal - Berkelland - Beuningen - Bronckhorst - Brummen - Buren - Culemborg - Doesburch - Doetinchem - Druten - Duiven - East-Gelre - Ede - Elburch - Epe - Ermelo - Harderwyk - Hattem - Heerde - Heumen - Lingewaard - Lochem - Maasdriel - Montferland - Neder-Betuwe - Nijkerk - Nimwegen - Nunspeet - Oerbetuwe - Oldebroek - Putten - Renkum - Rheden - Rozendaal - Sâltbommel - Skerpenseel - Sutfen - Tiel - Voorst - Wageningen - West-Betuwe - West-Maas en Waal - Westervoort - Wijchen - Winterswyk - Zevenaar
wizigje
This article is issued from Wikipedia. The text is licensed under Creative Commons - Attribution - Sharealike. Additional terms may apply for the media files.