
Nijmoadrige dongstruier

Dongstruier yn 1954
In dongstruier wurdt brûkt om rûge dong, kompost of ôfeart (foerôffal) oer gers- of boulân te fersprieden.
De dongstruier wurdt troch in trekker lutsen. De boaiem fan de dongstruier, en de skûpenas, dy't oan de efterkant fan de dongstruier sit, wurde oandreaun troch de ôftakas fan de trekker. De boaiem fan de dongstruier wurdt mei keatlings nei efteren treaun, sa't de ynhâld fan de struier tsjin de skûpenas treaun wurdt. Om't dy as tige hurd draait, wurdt de dong oer it lân ferspraat.
Sjoch ek
![]() Wikimedia Commons | Ofbylden dy't by dit ûnderwerp hearre, binne te finen yn de kategory Dongstruier fan Wikimedia Commons. |
This article is issued from Wikipedia. The text is licensed under Creative Commons - Attribution - Sharealike. Additional terms may apply for the media files.