Bokke R.S. Pollema
skriuwer
persoanlike bysûnderheden
oar pseudonymBokke Simens
echte nammeBokke Reinder Simens Pollema
nasjonaliteit Nederlânsk
berne2 juny 1883
berteplakMakkum (Fryslân)
stoarn21 septimber 1948
stjerplakDrylts (Fryslân)
etnisiteit Frysk
wurk
taalFrysk
sjenrelit. koarte ferhalen, poëzij
jierren aktyf±19051948
offisjele webside
n.f.t.

Bokke R.S. Pollema (folút: Bokke Reinder Simens Pollema; Makkum, 2 juny 1883Drylts, 21 septimber 1948) wie in Frysk skriuwer en dichter.

Libben en karriêre

Pollema waard yn 1883 berne yn Makkum en wurke letter as sjoernalist. Hy wie yn 1915 ien fan 'e oprjochters fan 'e Jongfryske Mienskip. Dêrnjonken wie Pollema aktyf as skriuwer fan koarte ferhalen en gedichten. Ut syn ferhalen, dy't folle mear wurdearre waarden as syn poëzij, sprekt faak in beskate ûnfrede oer de deistige sleur fan it bestean, mar mei de personaazjes dy't besykje en brek út dat rûtinemjittich libben wei, rint it almeast ferkeard ôf. Fierders skopte Pollema graach tsjin hillige húskes oan. Sa koe it dat op ien fan syn ferhalen fûleindige krityk kaam fanwegen de 'seedlike moraal'. Pollema kaam yn 1948 yn 'e âlderdom fan 65 jier yn Drylts te ferstjerren.

Wurk

Keppeling om utens

Boarnen, noaten en/as referinsjes:
This article is issued from Wikipedia. The text is licensed under Creative Commons - Attribution - Sharealike. Additional terms may apply for the media files.