
Atletyk is in sammelnamme foar ferskillende sporten. It begryp komt út de klassike âldheid. Doe waard út ein set mei kompetive lichemssport, lykas hurdrinne, smite en springe.
By it hurdrinnen binne der farianten lykas de estafette, hindernisrinnen en hurdkuierjen. By de mearkamp komme ferskate atletykûnderdielen op it aljemint, dyjinge dy't de measte punten by de ferskate ûnderdielen hellet is dêr de winner. Dêrneist binne der noch smytûnderdielen lykas it diskussmiten, spearsmiten en kûgelstjitten. By de springûnderdielen giet it ûnder oare om fierspringen, heechspringen en heechspringe mei pols(stôk).
De wichtichste ynternasjonale atletykorganisaasje is de International Association of Athletics Federations.
Dissiplines

In protte atletykwedstriden binne op in atletykbaan; yn de winter wurdt ek op binnenbanen atletyk beöefene. Njonken de wedstriden op de baan binne der wedstriden op de iepenbiere dyk en yn it frije fjild.
Der binne 24 Olympyske atletykdissiplines. Dy wurde ferdield yn rindissiplines, springdissiplines, smytdissiplines en mearkampen. By de rindissiplines is der in ferskil tusken de gewoane rindissiplines, de hindernisdisiplines, de estafettes en it hurdkuierjen.
Baan en Dyk | Fjild | Kombinaasje | |||||
---|---|---|---|---|---|---|---|
Hurdrinnen | Hindernisrinnen | Estafettes | Hurdkuierjen | Wheelen | Springdissiplines | Smytdissiplines | Mearkampen |
60 m | 60 m horden | 4 x 100 m | 3000 m | 100 m | Heechspringen | Balsmitte (allinne by de jeugd) | fiifkamp |
100 m | 100 m horden | 4 x 200 m | 5000 m | 200 m | Heechljeppen | Kegelsmite (allinne by it oanpast atletyk) | Sânkamp |
200 m | 110 m horden | 4 x 400 m | 10.000 m | 400 m | Fierspringen | Kûgelstjitte | Tsienkamp |
400 m | 200 m horden | 4 x 800 m | 20.000 m (baan) | 800 m | Hink-stap-springen | Diskussmite | Fjirtjinkamp |
800 m | 400 m horden | 4 x 1500 m | 20 km (dyk) | 1500 m | Spearsmite | Tweintichkamp | |
1500 m | 3000 m steeplechase | Ekiden In maraton yn estafettefoarm | 30.000 m (baan) | 5000m | gewichtsmite | ||
3000 m | Sweedske estafette | 30 km (dyk) | 10.000 m | Kûgelslingerje | |||
5000 m | 50.000 m (baan) | Heale maraton | |||||
10.000 m | 50 km (dyk) | maraton (42,195 km) | |||||
Heale maraton | |||||||
maraton (42,195 km) | |||||||
Ultrarin |
Baan en Dyk
Fjild
Kombinaasje
Sjoch ek
![]() |
Ofbylden dy't by dit ûnderwerp hearre, binne te finen yn de kategory Athletics fan Wikimedia Commons. |