Werom— | healjier | fearnsjier | moanne | Alle dagen | moanne | fearnsjier | healjier | —Fierder | ||||||||
1 | 2 | 3 | 4 | 5 | 6 | 7 | 8 augustus | 9 | 10 | 11 | 12 | 13 | 14 | 15 |
<< | Augustus | >> | ||||
mo | ti | wo | to | fr | so | si |
1 | 2 | 3 | 4 | |||
5 | 6 | 7 | 8 | 9 | 10 | 11 |
12 | 13 | 14 | 15 | 16 | 17 | 18 |
19 | 20 | 21 | 22 | 23 | 24 | 25 |
26 | 27 | 28 | 29 | 30 | 31 | |
2024 |
8 augustus is de 220e dei fan it jier op de Gregoriaanske kalinder (yn in skrikkeljier de 221e). Der folgje noch 145 dagen oan 'e ein fan it jier ta.
Foarfallen

De Jouster Toer
- 449 - It Twadde Konsylje fan Efeze fan 'e Roomsk-Katolike Tsjerke wurdt iepene yn 'e stêd Efeze, yn Lyts-Aazje.
- 1628 - Grytman Hobbe fan Baerdt leit de earste stien foar de Jouster Toer.
- 1697 - De Grutte Ambassade fan tsaar Peter de Grutte fan Ruslân (de tsaar sels ynbegrepen) arrivearret yn 'e Republyk fan 'e Feriene Nederlannen.
- 1786 - De earste beklimming fan 'e Mont Blanc troch Jacques Balmat en Michel Paccard.
- 1876 - De Amerikaanske útfiner Thomas Alva Edison kriget oktroai op 'e stinselmasine.
- 1882 - De Nederlânske Tramwei Maatskippij (NTM) iepenet de line Snits-Boalsert.
- 2006 - In ierdbeving (3,5 op 'e skaal fan Richter) treft Grinslân. De oarsaak is wierskynlik de pleatslike gaswinning.
- 2008 - Iepening fan 'e Olympyske Simmerspullen yn Peking.
Berne
- 1705 - Gustaaf Willem baron fan Imhoff, Eastfrysk-Nederlânsk koloniaal bestjoerder († 1750)
- 1746 - Hieronymus van Alphen, Nederlânsk dichter († 1803)
- 1750 - Johannes Lambertus Huber, Frysk bestjoerder en patriot († 1826)
- 1833 - Jacob Pieters Asman, Frysk skriuwer († 1902)
- 1834 - James W. Forsyth, Amerikaansk militêr († 1906)
- 1839 - Nelson A. Miles, Amerikaanske militêr († 1925)
- 1874 - Willem van Schaik, Frysk keunstskilder en tekener († 1938)
- 1899 - Siegfried van Praag, Nederlânsk skriuwer († 2002)
- 1921 - Esther Williams, Amerikaansk aktrise en swimster († 2013)
- 1935 - Donald P. Bellisario, Amerikaansk tillefyzjeprodusint, regisseur en senarioskriuwer
- 1949 - Danny Peary, Amerikaansk publisist en filmkritikus
- 1949 - Ids Willemsma, Frysk keunstner
- 1951 - Louis van Gaal, Nederlânsk fuotbaltrener
- 1961 - Annemieke Verdoorn, Nederlânsk aktrise
- 1966 - Jimbo Wales, Amerikaansk ûndernimmer (oprjochter fan Wikipedia)
- 1968 - Kyra Phillips, Amerikaansk nijslêzeresse en ferslachjouster
- 1986 - Peyton List, Amerikaansk aktrise
- 1991 - Kody Keplinger, Amerikaansk skriuwster
- 1993 - Kawennáhere Devery Jacobs, Kanadeesk aktrise
Ferstoarn
- 117 - keizer Trajanus fan it Romeinske Ryk (* 53)
- 1002 - Almanzor (Abû Aämir Mohammed ibn Abdûlla ibn Abi Aämir al-Hadjyb al-Mansoer bi-Ila), fizier fan it Kalifaat Kordoba (* 938)
- 1638 - Douwe fan Aylva, Frysk grytman, dykgraaf en politikus (* 1579)
- 1651 - Amalia Elizabeth fan Hanau-Münzenberg, lângrevinne-gemalinne fan Hessen-Kassel (* 1602)
- 1892 - Age Looxma Ypeij, Frysk grutgrûnbesitter en filantroop (* 1833)
- 1921 - Esther Williams, Amerikaansk aktrise (* 2013)
- 2005 - Barbara Bel Geddes, Amerikaansk aktrise (* 1922)
- 2007 - Gesina Lechte-Siemer, Sealterfrysk skriuwster (* 1911)
- 2019 - Loek Caspers, Nederlânsk fersetsstrydster (* 1924)
- 2020 - Popke van der Zee, Frysk learaar, toanielakteur en oersetter (* 1956)
- 2022 - Lamont Dozier, Amerikaansk lietsjeskriuwer (* 1941)
- 2022 - Olivia Newton-John, Britsk-Australysk aktrise en sjongeres (* 1948)
- 2023 - Federico Bahamontes, Spaansk hurdfytser (* 1928)
1 | 2 | 3 | 4 | 5 | 6 | 7 | 8 augustus | 9 | 10 | 11 | 12 | 13 | 14 | 15 | ||
Werom— | healjier | fearnsjier | moanne | Alle dagen | moanne | fearnsjier | healjier | —Fierder |
Boarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
|
This article is issued from Wikipedia. The text is licensed under Creative Commons - Attribution - Sharealike. Additional terms may apply for the media files.