Werom— | healjier | fearnsjier | moanne | Alle dagen | moanne | fearnsjier | healjier | —Fierder | ||||||||
27 | 28 | 29 | 30 | 1 | 2 | 3 | 4 oktober | 5 | 6 | 7 | 8 | 9 | 10 | 11 |
<< | Oktober | >> | ||||
mo | ti | wo | to | fr | so | si |
1 | 2 | 3 | 4 | 5 | 6 | |
7 | 8 | 9 | 10 | 11 | 12 | 13 |
14 | 15 | 16 | 17 | 18 | 19 | 20 |
21 | 22 | 23 | 24 | 25 | 26 | 27 |
28 | 29 | 30 | 31 | |||
2024 |
4 oktober is de 277e dei fan it jier op de Gregoriaanske kalinder (yn in skrikkeljier de 278e). Der folgje noch 88 dagen oan 'e ein fan it jier ta.
Foarfallen
- 1134 - Seelân, súdlik Hollân, noardwestlik Brabân en de kust fan Flaanderen wurde troffen troch de Stoarmfloed fan 1134.
- 1578 - Jabik Hessels, lid fan de Ried fan Beroerten, wurdt yn Gint ophongen.
- 1767 - Steedhâlder Willem V fan Oranje-Nassau boasket oan prinsesse Wilhelmina fan Prusen.
- 1830 - Belgje is frij fan 'e Nederlânske besettingstroepen en ropt de ûnôfhinklikheid út. Oarspronklike Nasjonale Feestdei yn Belgje.
- 1842 - By it earste Ferdrach fan La Pointe steane de Odjibwe-Yndianen it westlike twatrêde part fan Opper-Michigan en de noardlike râne fan Wiskonsin ôf oan 'e Feriene Steaten.
- 1849 - Mei de oerjefte fan Komárom, de lêste opstannige stêd yn it Keninkryk Hongarije, komt in ein oan 'e Hongaarske Opstân fan 1848.
- 1853 - Turkije ferklearret de oarloch oan Ruslân: it begjin fan 'e Krimoarloch.
- 1955 - De Citroën DS19 wurdt presintearre.
- 1957 - Lansearring fan 'e Spoetnik I; begjin fan 'e space race.
- 1986 - Keninginne Beatrix stelt de stoarmfloedkearing in de Easterskelde yn wurking, wêrmei't de Deltawurken foltôge binne.
- 1992 - De Bylmerramp: in El Al-Boeing 747 frachtfleantúch stoart op sneintejûn del op in flatgebou yn 'e Amsterdamske wyk de Bylmermar.
Berne
- 1379 - kening Hindrik III fan Kastylje († 1406)
- 1550 - kening Karel IX fan Sweden († 1611)
- 1585 - Anna fan Tiroal, keizerinne-gemalinne fan it Hillige Roomske Ryk († 1618)
- 1626 - Richard Cromwell, beskermhear fan Ingelân († 1712)
- 1822 - Rutherford B. Hayes, presidint fan 'e Feriene Steaten († 1893)
- 1888 - Oscar Mathisen, Noarsk hurdrider († 1954)
- 1895 - Buster Keaton, Amerikaansk akteur († 1966)
- 1905 - Léon Orthel, Nederlânsk komponist († 1985)
- 1907 - Auke Adema, Frysk maratonrider en alvestêdetochtwinner († 1976)
- 1909 - Benjamin Pieter Liese, Nederlânsk politikus († 1985)
- 1911 - Bas Paauwe, Nederlânsk fuotballer en fuotbaltrainer († 1989)
- 1915 - Koos Schuur, Nederlânsk dichter en skriuwer († 1995)
- 1930 - Gerard van der Weerd, Frysk dirigint († 2012)
- 1935 - Anton Oud, Amelânsk wurdboekgearstaller en taalaktivist († 2006)
- 1942 - Jenny Arean, Nederlânsk sjongster en kabaretiêre
- 1949 - Jay Scott, Amerikaansk-Kanadeesk filmkritikus († 1993)
- 1979 - Caitriona Balfe, Iersk model en aktrise
- 1981 - Ilhan Omar, Amerikaansk politika
- 1985 - Eve Laurence, Amerikaansk pornoaktrise
Ferstoarn
- 1226 - Fransiskus van Assisi, Italjaansk hillige en stifter fan 'e kleasteroarder fan 'e fransiskanen of minderbruorren (* 1181 of 1182)
- 1669 - Rembrandt van Rijn, Nederlânsk keunstskilder (* 1606)
- 1680 - Jacobus Sibrandi Mancadan, Frysk keunstskilder en boargemaster (* 1602)
- 1816 - Jan Reinders Radersma, Frysk oargelbouwer (* 1772)
- 1863 - Gerrit Schimmelpenninck, Nederlânsk politikus en ûndernimmer (* 1794)
- 1894 - John M. Chivington, Amerikaansk militêr (* 1821)
- 1904 - Frédéric-Auguste Bartholdi, Frânsk byldhouwer (* 1834)
- 1909 - Frederic Remington, Amerikaansk keunstskilder (* 1861)
- 1967 - Halbe Sikkes Doele, Frysk oersetter en frisiast (* 1911)
- 1970 - Janis Joplin, Amerikaansk sjongster (* 1943)
- 1992 - Denis Hulme, Nijseelânsk Formule 1-koereur (* 1936)
- 1999 - Hendrik van der Wielen, Nederlânsk boargemaster (* 1903)
- 1999 - Ybe van der Wielen, Nederlânsk byldzjend keunstner (* 1913)
- 2020 - Jan des Bouvrie, Nederlânsk ynterieurûntwerper (* 1942)
27 | 28 | 29 | 30 | 1 | 2 | 3 | 4 oktober | 5 | 6 | 7 | 8 | 9 | 10 | 11 | ||
Werom— | healjier | fearnsjier | moanne | Alle dagen | moanne | fearnsjier | healjier | —Fierder |
Boarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
|
This article is issued from Wikipedia. The text is licensed under Creative Commons - Attribution - Sharealike. Additional terms may apply for the media files.