Werom— | healjier | fearnsjier | moanne | Alle dagen | moanne | fearnsjier | healjier | —Fierder | ||||||||
27 | 28 | 29 | 30 | 1 | 2 | 3 | 4 july | 5 | 6 | 7 | 8 | 9 | 10 | 11 |
<< | July | >> | ||||
mo | ti | wo | to | fr | so | si |
1 | 2 | 3 | 4 | 5 | 6 | 7 |
8 | 9 | 10 | 11 | 12 | 13 | 14 |
15 | 16 | 17 | 18 | 19 | 20 | 21 |
22 | 23 | 24 | 25 | 26 | 27 | 28 |
29 | 30 | 31 | ||||
2024 |
4 july is de 185e dei fan it jier op de Gregoriaanske kalinder (yn in skrikkeljier de 186e). Der folgje noch 180 dagen oan 'e ein fan it jier ta.
Foarfallen
- 1310 - De Friezen yn Westergoa ûnderwerpe har oan de Hollânske greve Willem II.
- 1380 - De Slach by Arum fynt plak tusken mûntsen fan 'e Ludingatsjerke en mûntsen fan Aldekleaster, wêrby't mear as 130 man sneuvelje.
- 1776 - It Amerikaanske Kongres nimt de ûnôfhinklikheidsferklearring oan, troch Thomas Jefferson yn gearwurking mei oaren ûntwurpen.
- 1868 - Noard-Karolina wurdt as 4e fan 'e yn 'e Amerikaanske Boargeroarloch fersleine Konfederearre steaten wer talitten ta de Amerikaanske Uny.
- 1934 - Yn Amsterdam brekt it Jordaanoproer út as réaksje op de ferleging fan de wurkleazenstipe troch it kabinet-Colijn
- 2004 - De Kast syn ôfskiedsoptreden yn de Teatertún yn Riis.
Berne
- 1799 - kening Oskar I fan Sweden († 1859)
- 1807 - Giuseppe Garibaldi, Italjaansk nasjonalist, militêr en politikus († 1882)
- 1891 - Frederik Cornelis Rab, boargemaster fan Flylân († 1947)
- 1895 - Eije Wijkstra, Nederlânsk krimineel († 1941)
- 1938 - Hindrik van der Meer, Frysk lietsjeskriuwer en muzikant
- 1940 - Jürgen Heinsch, Dútsk fuotballer († 2022)
- 1941 - Johnny Lion, pseudonym fan John van Leeuwarden, Nederlânsk sjonger en akteur († 2019)
- 1951 - John Eskes, Frysk muzikant, komponist en dirigint († 2015)
- 1988 - Jada Stevens, Amerikaansk pornoaktrise
- 1995 - Vanessa Herzog, Eastenryksk reedrydster
Ferstoarn
- 1598 - Abraham Ortelius, Flaamsk kartograaf (* 1527)
- 1768 - Willem van Haren, Frysk dichter, politikus en diplomaat (* 1710)
- 1780 - hartoch Karel fan Loataringen ('Karel fan Lorreinen'), lânfâd fan 'e Súdlike Nederlannen (* 1712)
- 1831 - James Monroe, presidint fan 'e Feriene Steaten (* 1758)
- 1824 - Jan Pieter Minckeleers, Nederlânsk útfiner (* 1748)
- 1826 - John Adams, presidint fan 'e Feriene Steaten (* 1735)
- 1826 - Thomas Jefferson, presidint fan 'e Feriene Steaten (* 1743)
- 1870 - Willem Klazes Boorsma, Frysk keatser (* 1826)
- 1886 - Bizonfâlemakker, opperhaad fan 'e Kry (* 1842)
- 1888 - Theodor Storm, Dútsk skriuwer (* 1817)
- 1934 - Maria Curie-Skłodowska, Poalsk-Frânsk natuerkundige en Nobelpriiswinneresse (* 1867)
- 1958 - Evert Rinsema, skuonmakker, skriuwer en dichter (* 1880)
- 1979 - Theodora Kracaw Kroeber, Amerikaansk antropologe en folkekundige (* 1897)
- 1981 - Nuttert Timmerman, Frysk bestjoerder yn 'e draafsport (* 1910)
- 1991 - Adriaan Anker, Nederlânsk politikus (* 1920)
- 1993 - Wil Bruin, Nederlânsk byldzjend keunstner (* 1917)
- 2002 - Freark Dam, Frysk sjoernalist, oersetter en dichter (* 1924)
- 2010 - Bram van der Werf, Frysk politikus (* 1943)
27 | 28 | 29 | 30 | 1 | 2 | 3 | 4 july | 5 | 6 | 7 | 8 | 9 | 10 | 11 | ||
Werom— | healjier | fearnsjier | moanne | Alle dagen | moanne | fearnsjier | healjier | —Fierder |
Boarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
|
This article is issued from Wikipedia. The text is licensed under Creative Commons - Attribution - Sharealike. Additional terms may apply for the media files.