Werom— | healjier | fearnsjier | moanne | Alle dagen | moanne | fearnsjier | healjier | —Fierder | ||||||||
22 | 23 | 24 | 25 | 26 | 27 | 28 | 29 april | 30 | 1 | 2 | 3 | 4 | 5 | 6 |
<< | April | >> | ||||
mo | ti | wo | to | fr | so | si |
1 | 2 | 3 | 4 | 5 | 6 | 7 |
8 | 9 | 10 | 11 | 12 | 13 | 14 |
15 | 16 | 17 | 18 | 19 | 20 | 21 |
22 | 23 | 24 | 25 | 26 | 27 | 28 |
29 | 30 | |||||
2024 |
29 april is de 119e dei fan it jier op de Gregoriaanske kalinder (yn in skrikkeljier de 120e). Der folgje noch 246 dagen oan 'e ein fan it jier ta.
Foarfallen
- 1429 - Yn 'e Hûndertjierrige Oarloch befrije Frânske troepen ûnder lieding fan Jeanne d'Arc Orléans fan 'e Ingelske besetting.
- 1672 - Loadewyk XIV fan Frankryk falt de Republyk fan de Feriene Nederlannen binnen: it begjin fan 'e Frânske Oarloch.
- 1733 - De Deenske ûntdekkingsreizger yn Russyske tsjinst Vitus Bering set útein mei syn Grutte Noardlike Ekspedysje nei it Fiere Easten fan Sibearje (ek bekend as de Twadde Kamtsjatjka-ekspedysje). Ien fan 'e doelen is it yn besit nimmen fan 'e koloanje dy't bekend komme sil te stean as Russysk-Amearika (it hjoeddeistige Alaska).
- 1813 - Rubber wurdt patintearre.
- 1868 - It twadde Ferdrach fan Fort Laramie tusken de Feriene Steaten en de Sû (Sioux) makket in ein oan 'e Oarloch fan Reade Wolk. It Amerikaanske Leger stimt deryn ta om syn forten by it Bozeman Trail lâns te ûntromjen. Teffens wurdt mei dit ferdrach it Grutte Sû Reservaat stifte.
- 1913 - Oktroaiferliening foar de ritssluting.
- 1969 - De Noardlike Fonoteektsjinst set útein mei it útlienen fan platen.
Berne
- 1818 - tsaar Aleksander II fan Ruslân († 1881)
- 1882 - Nine van der Schaaf, Frysk dichteresse en skriuwster († 1973)
- 1882 - Hendrik Nicolaas Werkman, Nederlânsk keunstskilder († 1945)
- 1896 - Wijbren Elgersma, Frysk politikus en boargemaster († 1960)
- 1899 - Duke Ellington, Amerikaansk sjonger en muzikant († 1974)
- 1910 - Siep Posthumus, Frysk politikus († 1987)
- 1922 - Ad van Seijen, Frysk skriuwer († 2003)
- 1934 - Dick Wilson, Amerikaansk politikus († 1990)
- 1935 - Joop Mink, Frysk skûtsjekipper († 2022)
- 1943 - Ian Kershaw, Ingelsk skiedkundige
- 1954 - Margriet Zegers, Frysk hockeyster
- 1955 - Leslie Jordan, Amerikaansk akteur († 2022)
- 1959 - Trond Sollied, Noarsk fuotballer en fuotbaltrener
- 1958 - Michelle Pfeiffer, Amerikaansk aktrise
- 1963 - Pierre Woodman, Frânsk regisseur en produsint fan pornofilms
- 1985 - Deniz Koyu, Dútsk DJ en muzykprodusint
- 1992 - Priya Price, Amerikaansk pornoaktrise
Ferstoarn
- 1487 - Wolfert VI fan Borselen, steedhâlder fan Hollân en Seelân (* 1433)
- 1676 - Michiel de Ruyter, Nederlânsk seeheld en admiraal (* 1607)
- 1781 - Pieter Portier, Frysk keunstner (* 1698)
- 1871 - Jan Gelinde van Blom, Frysk dichter en skriuwer (* 1796)
- 1916 - Petrus Boele Jacobus Ferf, Nederlânsk politikus (* 1854)
- 1951 - Ludwig Wittgenstein, Eastenryksk-Ingelsk filosoof (* 1889)
- 1980 - Alfred Hitchcock, Ingelsk regisseur (* 1899)
- 1993 - Sybren van Tuinen, Frysk skiedkundige, boargemaster en fersetsman (* 1913)
- 2001 - Barend Biesheuvel, premier fan Nederlân (* 1920)
- 2002 - Tol Hansse (Hans van Tol), Nederlânsk sjonger, tekstdichter, kabaretier en keunstskilder (* 1940)
- 2004 - Ap Sok, Nederlânsk grafikus en yllustrator (* 1917)
- 2012 - Roland Moreno, Frânsk wittenskipper (* 1945)
- 2020 - Irrfan Khan, Yndiaask akteur (* 1967)
- 2020 - Maj Sjöwall, Sweedsk skriuwster (* 1935)
- 2021 - Hafid Bouazza, Marokkaansk-Nederlânsk skriuwer (* 1970)
- 2021 - Liuwe Tamminga, Frysk oargelist (* 1953)
22 | 23 | 24 | 25 | 26 | 27 | 28 | 29 april | 30 | 1 | 2 | 3 | 4 | 5 | 6 | ||
Werom— | healjier | fearnsjier | moanne | Alle dagen | moanne | fearnsjier | healjier | —Fierder |
Boarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
|
This article is issued from Wikipedia. The text is licensed under Creative Commons - Attribution - Sharealike. Additional terms may apply for the media files.