Werom— | healjier | fearnsjier | moanne | Alle dagen | moanne | fearnsjier | healjier | —Fierder | ||||||||
24 | 25 | 26 | 27 | 28 | 29 | 30 | 1 july | 2 | 3 | 4 | 5 | 6 | 7 | 8 |
<< | July | >> | ||||
mo | ti | wo | to | fr | so | si |
1 | 2 | 3 | 4 | 5 | 6 | 7 |
8 | 9 | 10 | 11 | 12 | 13 | 14 |
15 | 16 | 17 | 18 | 19 | 20 | 21 |
22 | 23 | 24 | 25 | 26 | 27 | 28 |
29 | 30 | 31 | ||||
2024 |
1 july is de 182e dei fan it jier op de Gregoriaanske kalinder (yn in skrikkeljier de 183e). Der folgje noch 183 dagen oan 'e ein fan it jier ta.
Foarfallen
- 251 - Yn 'e Slach by Abrittus wurdt it Romeinske leger ferslein troch de Goaten. Keizer Desius mei syn soan Herennius Etruskus sneuvelje yn 'e striid.
- 1566 - Nostradamus foarseit dat er de moarn net helje sil.
- 1852 - Yn Hollân wurdt de Haarlimmermar drûchmakke.
- 1858 - Charles Darwin en Alfred Russell Wallace hâlde foar de Linnean Society harren lêzings oer de evolúsjeteory.
- 1863 - Begjin fan 'e trijedeiske Slach by Gettysburg, it bloedichste treffen fan 'e Amerikaanske Boargeroarloch.
- 1867 - De Britske koloanjes Ontario, Kebek, Nij-Skotlân en Nij-Breunswyk foarmje de Kanadeeske Konfederaasje. Kanada kriget selsbestjoer binnen it Britske Ryk.
- 1904 - Yn St. Louis begjinne de tredde Olympyske Spullen.
- 1934 - Mei de ynstelling fan de Production Code Administration (PCA), dy't tenei strang tafersjoch hâldt op it neilibjen troch de filmstudio's fan 'e sensuerregels fêstlein yn de Motion Picture Production Code, komt yn 'e filmyndustry fan Hollywood in ein oan 'e frijheid fan it Pre-Code-tiidryk.
- 1997 - De Britske koloanje Hongkong wurdt nei 156 jier 'weromjûn' oan 'e Folksrepublyk Sina.
Berne
- 1621 - Cornelis de Man, Nederlânsk keunstskilder († 1706)
- 1646 - Gottfried Wilhelm Leibniz, Dútsk wis-, natuer- en skiedkundige, filosoof, rjochtsgelearde en diplomaat († 1716)
- 1896 - Gerrit Biersteker, Nederlânsk predikant († 1985)
- 1899 - Charles Laughton, Ingelsk akteur († 1962)
- 1903 - Hendrik van der Wielen, Nederlânsk boargemaster († 1999)
- 1916 - Olivia de Havilland, Britsk-Amerikaansk aktrise († 2020)
- 1926 - J.J. Voskuil, Nederlânsk folkekundige en skriuwer († 2008)
- 1926 - Melis van Seijen, Frysk útjouwer, boekhanneler en muzykprodusint († 2018)
- 1932 - Jan Postma, Frysk âld-plysjeman en skriuwer († 2015)
- 1934 - Jan Dotinga, Frysk skriuwer
- 1935 - David Prowse, Ingelsk akteur en gewichtheffer († 2020)
- 1961 - Diana, prinsesse fan Wales, Britsk kroanprinsesse-gemalinne († 1997)
- 1963 - Igor Zjelezovski, Wytrussysk reedrider († 2021)
- 1964 - Geartsje de Vries, Frysk sjoernaliste, redaktrise en presintatrise
- 1967 - Pamela Anderson, Kanadeesk-Amerikaansk aktrise
- 1971 - Marlayne Sahupala, Nederlânsk nijslêzeresse en sjongster
- 1977 - Birgit Schuurman, Nederlânsk sjongster en aktrise
- 1982 - Mirjam Timmer, Frysk sjongster en muzikante
- 1986 - Kraantje Pappie, Nederlânsk sjonger
- 1989 - Daniel Ricciardo, Australysk autokoereur
- 1993 - Jade Jantzen, Amerikaansk pornoaktrise
Ferstoarn
- 1277 - sultan Baibars fan Egypte en Syrje (* 1233)
- 1694 - Hidde Sjoerds de Vries, Frysk marine-ofsier (* 1645)
- 1835 - Paulus Scheltema, Frysk skriuwer (* 1752)
- 1844 - Petrus Groenia, Frysk militêr offisier en keunstskilder (* 1769)
- 1860 - Charles Goodyear, Amerikaansk bannefabrikant (* 1800)
- 1896 - Harriet Beecher Stowe, Amerikaansk skriuwster (* 1811)
- 1925 - Erik Satie, Frânsk komponist en pianist (* 1866)
- 1939 - Louis Davids, Nederlânsk kabaretier en revu-artyst (* 1883)
- 1961 - Louis-Ferdinand Céline (Louis Ferdinand Destouches), Frânsk skriuwer en dokter (* 1894)
- 1974 - Kick Smit, Nederlânsk fuotballer (* 1911)
- 1995 - Wolfman Jack, Amerikaansk radiodiskjockey (* 1938)
- 1997 - Robert Mitchum, Amerikaansk akteur (* 1917)
- 2003 - N!xau ǂToma, Namibysk akteur (* 1943)
- 2004 - Marlon Brando, Amerikaansk akteur (* 1924)
- 2009 - Mollie Sugden, Britsk aktrise (* 1922)
- 2014 - Tine de Vries, Frysk reedrydster (* 1931)
24 | 25 | 26 | 27 | 28 | 29 | 30 | 1 july | 2 | 3 | 4 | 5 | 6 | 7 | 8 | ||
Werom— | healjier | fearnsjier | moanne | Alle dagen | moanne | fearnsjier | healjier | —Fierder |
Boarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
|
This article is issued from Wikipedia. The text is licensed under Creative Commons - Attribution - Sharealike. Additional terms may apply for the media files.