Werom— | healjier | fearnsjier | moanne | Alle dagen | moanne | fearnsjier | healjier | —Fierder | ||||||||
3 | 4 | 5 | 6 | 7 | 8 | 9 | 10 jannewaris | 11 | 12 | 13 | 14 | 15 | 16 | 17 |
<< | Jannewaris | >> | ||||
mo | ti | wo | to | fr | so | si |
1 | 2 | 3 | 4 | 5 | 6 | 7 |
8 | 9 | 10 | 11 | 12 | 13 | 14 |
15 | 16 | 17 | 18 | 19 | 20 | 21 |
22 | 23 | 24 | 25 | 26 | 27 | 28 |
29 | 30 | 31 | ||||
2024 |
10 jannewaris is de 10e dei fan it jier op de Gregoriaanske kalinder. Der folgje noch 355 dagen oan 'e ein fan it jier ta (yn in skrikkeljier 356).
Foarfallen
- 49 f.Kr. - Julius Caesar stekt de Rubikon oer, wêrmei't er in ynterne Romeinske oarloch begjint.
- 1806 - Nederlânske kolonisten yn de Kaapkoloanje jouwe harren oer oan de Britten.
- 1901 - Yn Texas wurdt oalje ûntdutsen.
- 1920 - Stifting fan de Folkebûn yn Genêve.
- 1929 - Publikaasje fan de earste strip fan Kuifje.
- 1946 - De earste algemiene gearkomste fan de Feriene Naasjes hat plak yn Londen, der binne 51 lannen oanwêzich.
- 1967 - Prinses Margriet boasket mei master Pieter van Vollenhoven.
- 1984 - De Feriene Steaten en it Fatikaan begjinne nei 117 jier wer mei diplomatike bannen.
- 1999 - Twa fammen komme om as trije mannen tolve kûgels ôfsjitte op de door fan Café Bacchus yn Garkum.
Berne
- 1480 - keizer Maksimiliaan I fan it Hillige Roomske Ryk († 1530)
- 1480 - Margareta fan Savoaye, lânfâdesse fan 'e Nederlannen († 1530)
- 1755 - Douwe Egberts, Frysk ûndernimmer († 1806)
- 1769 - Michel Ney, Frânsk maarskalk († 1815)
- 1818 - Dirk Postma, Frysk predikant († 1890)
- 1844 - Jitse de Groot, Frysk skoalmaster, bankdirekteur en ferieningsman († 1910)
- 1851 - Jacobus Kapteyn, Nederlânsk astronoom († 1922)
- 1869 - Grigori Raspûtin, Russysk mystikus († 1916)
- 1924 - Eduardo Chillida, Spaansk byldhouwer († 2002)
- 1935 - Ronnie Hawkins, Amerikaansk sjonger († 2022)
- 1937 - Rindert Straatsma, Frysk bestjoerder en frisiast († 2006)
- 1939 - Scott McKenzie, Amerikaansk sjonger († 2012)
- 1945 - Rod Stewart, Ingelsk sjonger
- 1948 - Bernard Thévenet, Frânsk hurdfytser
- 1965 - Abe de Vries, Frysk dichter en oersetter
- 1971 - Theuns Jordaan, Súdafrikaansk sjonger en lietsjeskriuwer
- 1982 - Pieter-Jan Postma, Frysk siler
- 1986 - Maartje Roos, Frysk fotografe en byldzjend keunstneresse
- 1992 - Katee Owen, Amerikaansk webcamgirl
Ferstoarn
- 1625 - Sybrandus Lubbertus, Eastfrysk teolooch en heechlearaar (* 1556)
- 1775 - Jemeljan Pûgatsjov, Russysk opstanneling (* 1740 of 1742)
- 1778 - Carolus Linnaeus (Karl von Linné), Sweedsk biolooch (* 1707)
- 1862 - Samuel Colt, Amerikaansk wapensmid en ûndernimmer (* 1814)
- 1917 - William Frederick Cody (Buffalo Bill), Amerikaansk jager, ferkenner en artyst (* 1846)
- 1934 - Anne Tsjibbes van der Meulen, Frysk ûnderwizer en keunstsamler (* 1862)
- 1971 - Coco Chanel, Frânsk modeûntwerpster (* 1883)
- 2005 - Jan Bearn Singelsma, Frysk politikus (* 1914)
- 2007 - Herman Bode, Nederlânsk fakbûnsbestjoerder (* 1925)
- 2014 - Allard van der Scheer, Nederlânsk akteur (* 1928)
- 2016 - David Bowie, Ingelsk sjonger, songwriter en akteur (* 1947)
- 2017 - Roman Herzog, presidint fan Dútslân (* 1934)
- 2020 - Kabûs bin Saïd al-Saïd, sultan fan Omaan (* 1940)
- 2021 - Joop Mulder, Frysk teäterprodusint (* 1953)
- 2022 - Nils Århammar, Sweedsk taalkundige (* 1931)
3 | 4 | 5 | 6 | 7 | 8 | 9 | 10 jannewaris | 11 | 12 | 13 | 14 | 15 | 16 | 17 | ||
Werom— | healjier | fearnsjier | moanne | Alle dagen | moanne | fearnsjier | healjier | —Fierder |
Boarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
|
This article is issued from Wikipedia. The text is licensed under Creative Commons - Attribution - Sharealike. Additional terms may apply for the media files.