Plak fan 's-Heerenbroek yn de gemeente Kampen

's-Heerenbroek is in doarp yn de provinsje Oerisel, dat tusken Wilsum en Swol oan de eastkant fan de Isel leit. It is part fan de gemeente Kampen. Yn de simmer is 's-Heerenbroek mei in pontsje ferbûn mei Zalk.

Yn it doarp stiet in monumintale molkfabryk, dy't net mear yn gebrûk is.

It meast eastlike part fan 's-Heerenbroek waard yn it ferline Veecaten neamd, mar dy namme wurdt tsjintwurdich net mear brûkt.

's-Heerenbroek is it berteplak fan waarman Jan Pelleboer (1924-1992).

This article is issued from Wikipedia. The text is licensed under Creative Commons - Attribution - Sharealike. Additional terms may apply for the media files.