Zwammerdam | ||
Sintrum fan Zwammerdam | ||
Polityk | ||
Provinsje | Súd-Hollân | |
Gemeente | Alfen oan de Ryn | |
Sifers | ||
Ynwennertal | 1.930 (2010) | |
Oerflak | km² | |
Befolkingsticht. | / km² | |
Oar | ||
Koördinaten | ||
Offisjele webside | ||
Webside Zwammerdam |
Zwammerdam is in doarp yn de gemeente Alfen oan de Ryn, yn de Nederlânske provinsje Súd-Hollân. Oant 1964 wie Zwammerdam in selsstannige gemeente. Ferskate dielen fan dy gemeente binne doe by oanswettende gemeente sa as Alfen oan de Ryn, Bodegraven, Boskoop en Reeuwijk oergien.
Ut de skiednis
Yn de Aldheid wie der yn Zwammerdam it Romeinske fort "Nigrum Pullum" ('swarte grûn') mei floatfasiliteiten. Oerbliuwsels dêrfan binne te sjen op it terrein fan de Hooge Burg. In pear Romeinske skippen hearre by de foarneamste fynsten.
Letter waard it plak Suadenburcherdam neamd, de daam by Suadenburg, dat al yn de 13e iuw neamd. Yn de rin fan de tiid waard dy namme ferbastere ta it Zwammerdam fan no.
Zwammerdam hat in lytse en kompakte âlde kearn mei kronkelende strjitsjes en mei histoaryske bebouwing. Meast hawwe de plakken yn de Rynstreek lintbebouwing, mar Zwammerdam is om in plein hinne boud.
Zwammerdam is it thús fan it Jostiband Orkest. It hat de wierskyn dat Kwiring fan Brekelenkam yn Zwammerdam berne is.
Mûne
Benoarden it plak stiet De Dikke Molen; bewesten leit de Steektermolen.
Bekende Damsters
- Gerda Verburg (1957), Minister en politika fan it CDA (en âld fakbûnsbestjoerslid fan it CNV)
- Tim Coronel (1972), Nederlânsk koereur