Súdlik Lân- en Túnbou-organisaasje
Zuidelijke Land- en Tuinbouworganisatie
algemiene ynformaasje
nasjonaliteit Nederlânsk
type org.belangeferiening
wurkjouwersorganisaasje
wurkmêdlân- en túnbou
haadkertierDe Bosk (Noard-Brabân)
oprjochte1999
fuortk. útNCB, GLTO, WLTO
tal leden13.000
wurknimmers140
aktyf ynNoard-Brabân, Seelân
en súdlik Gelderlân
offisjele webside
www.zlto.nl

De Súdlike Lân- en Túnbou-organisaasje (Nederlânsk en offisjeel: Zuidelijke Land- en Tuinbouworganisatie), ornaris ôfkoarte ta ZLTO, is in Nederlânske regionale ûndernimmers- en wurkjouwersorganisaasje foar de agraryske sektor en de túnbou.[1] Dizze belangeferiening is aktyf yn 'e provinsjes Noard-Brabân en Seelân en it suden fan Gelderlân.[1] Mei LTO Noard en it LLTB is it ien fan 'e trije regionale dielorganisaasjes fan LTO Nederlân.[1][2] It haadkantoar fan 'e ZLTO is fêstige yn De Bosk, yn Noard-Brabân.[1] Dêrnjonken ûnderhâldt de organisaasje in regiokantoar yn it Siuwske Colijnsplaat.

Aktiviteiten

De ZLTO wurket gear mei oare ekonomyske sektoaren, ynvestearret yn ynnovaasje en stiet syn leden mei ried en died by op it mêd fan it opstellen bedriuwsplannen, it plannen fan útwreiding, it oanfreegjen fan fergunnings en it omgean mei enerzjy, wetter, grûn, natoerbehear, leefberheid, biodiversiteit en rekreaasje.[1]

Skiednis

De ZLTO ûntstie yn 1999 troch in fúzje fan it Noardbrabânsk Kristlik Boerebûn (NCB), yn Noard-Brabân en Seelân, mei de Siuwske ôfdielings fan 'e Westlike Lân- en Túnbou-organisaasje (WLTO) en de Brabânske en guon Súdgelderske ôfdielings fan 'e Gewestlike Lân- en Túnbou-organsaasje (GLTO).[3] It NCB wie yn 1896 oprjochte.[1] De WLTO en de GLTO datearren fan 1991, resp. 1996,[3] mar wiene sels fúzjes fan âldere organisaasjes, lykas de Siuwske Lânboumaatskippij (ZLM), dy't al yn 1843 oprjochte waard en syn namme yn 1968 feroare yn Súdlike Lânboumaatskippij,[1] en it lanlike, protestantske Kristlik Boere en Túnkers Bûn (CBTB), dat yn 1918 oprjochte wie.[1]

Keppelings om utens

Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  1. 1 2 3 4 5 6 7 8 Ynformaasje fan 'e webside fan 'e ZLTO.
  2. Ynformaasje fan 'e webside fan LTO Nederlân
  3. 1 2 Broersma, Daniël, Het Groene Front Voorbij: De Agrarische Belangenbehartiging door LTO Nederland (1995-2005), Grins/Wageningen, 2010 (Agronomisch Historisch Instituut/University of Groningen Press), ISBN 978-9 03 67 46 441, haadstik 2 Fusie of Federatie: Het Ontstaan van LTO Nederland.
This article is issued from Wikipedia. The text is licensed under Creative Commons - Attribution - Sharealike. Additional terms may apply for the media files.