Yunnanhazze

Opset museumeksimplaar.
taksonomy
rykdieren (Animalia)
stammerêchstringdieren (Chordata)
klassesûchdieren (Mammalia)
skifthazze-eftigen (Lagomorpha)
famyljehazzen en kninen (Leporidae)
skaaiechte hazzen (Lepus)
soarte
Lepus comus
Allen, 1927
IUCN-status: net bedrige
ferspriedingsgebiet

De Yunnanhazze (útspr. "Jûnanhazze"; wittenskiplike namme: Lepus comus) is in sûchdier út it skift fan 'e hazze-eftigen (Lagomorpha), de famylje fan 'e hazzen en kninen (Leporidae) en it skaai fan 'e echte hazzen (Lepus). Mei û.o. de (gewoane) hazze (Lepus europaeus) heart dizze soarte ta it ûnderskaai fan 'e echte hazzen (Eulagos). De Yunnanhazze komt foar yn it suden fan Sina (benammen yn 'e provinsje Yunnan). It is in herbivoar bist dat, oars as de measte oare hazzesoarten, foar it meastepart oerdeis aktyf is. De IUCN klassifisearret de Yunnanhazze as "net bedrige".

Taksonomy

De Yunnanhazze waard foar it earst yn 1927 wittenskiplik beskreaun troch de Amerikaanske soölooch Glover Morrill Allen. Foarhinne waard dit bist beskôge as in ûndersoarte fan 'e Tibetaanske hazze (Lepus oiostolus), mar ûnderwilens is dúdlik wurden dat it beslist in aparte soarte is. Yn 2005 waard fêststeld de Yunnanhazze en de Tibetaanske hazze sa nau besibbe binne, dat se as sustertaksons beskôge wurde kinne.

Fersprieding

De Yunnanhazze is lânseigen yn it suden fan Sina, op it westlike part fan it Yunguiplato en yn it súdlike diel fan it Hengduanberchtme. Dat gebiet beslacht it grutste part fan 'e provinsje Yunnan (dêrfandinne de soartnamme), útsein allinnich de krite súdwestlik fan 'e rivier de Mekong. Dêropta omfiemet it ferspriedingsgebiet ek it suden fan 'e provinsje Sichuan en it westen fan 'e provinsje Guizhou. Yn 2000 waard foar it earst de oanwêzigens fan 'e Yunnanhazze yn noardlik Birma fêststeld.

Uterlike skaaimerken

De Yunnanhazze is in middelgrutte hazze mei trochinoar in kop-romplingte fan 32,2–48 sm en in sturtlingte fan 91/2–11 sm. It gewicht bedraacht 1,8–21/2 kg. De earen hawwe in lingte fan 91/2–131/2 sm, en de efterpoaten mjitte 9,8–13 sm. De pels is langhierrich en sêft en op 'e rêch grizich brún of dûnkergriis. De bealch en kiel binne witich fan kleur, wylst de siden en de bûtenkant fan 'e poaten bêzje-eftich binne. De earen hawwe swarte puntsjes, en fan 'e earbasis nei de snút rint in wite streek.

Biotoop

Yunnanhazzen libje yn bercheftige biotopen, dêr't se de foarkar jouwe oan waarme, fochtige habitats. Se komme benammen foar op berchgreiden en yn gebieten mei klútsjes strewelleguod. It is mooglik dat de Yunnanhazze ek yn iepen wâlden en/of oan 'e wâldsiggen libbet. Yn hichte is de fersprieding fan dit bist beheind ta gebieten tusken de 1.300 en 3.200 m boppe seenivo.

Hâlden en dragen

De Yunnanhazze is oer it algemien oerdeis aktyf, mar komt soms ek by nacht op 'e lapen om iten te sykjen. It is in herbivoar, dy't libbet fan strûken en krûden. Oars as de measte hazzesoarten, dy't legers meitsje om te rêsten, graaft de Yunnanhazze hoalen. Neffens ferslaggen fan jagers is oan 'e foarm te ûnderskieden oft sa'n hoale groeven is troch in raam of in moerhazze: rammehoalen binne ûndjipper, lytser en rjochter, wylst de hoalen fan moerhazzen grutter, djipper en ovaler binne. De peartiid begjint foar de Yunnanhazze yn april. De moerhazzen smite 2–3 nêsten jongen yn 't jier, en elts nêst bestiet út 1–4, mar ornaris 2 jongen.

Status

De Yunnanhazze hat de IUCN-status fan "net bedrige", mei't er yn syn ferspriedingsgebiet noch rûnom foarkomt en om't de populaasje stabyl liket te wêzen. Nettsjinsteande dat wurdt dit bist op 'e Sineeske reade list foar wringedieren klassifisearre as "gefoelich" en foldocht er op in hier nei oan 'e kritearia om as "kwetsber yn dy list opnommen te wurden. De wichtichste bedriging foar de Yunnanhazze liket de oanwinnende minsklike befolking yn syn ferspriedingsgebiet te wêzen, dy't almar mear lânbougrûn nedich is en dêrmei de Yunnanhazze net inkeld gaadlik habitat ôfnimt, mar ek dielpopulaasjes faninoar isolearret.

Undersoarten

Neffens de beskriuwing fan A.T. Smith en R.S. Hoffman yn Mammal Species of the World (2005) hat de Yunnanhazze (Lepus comus) gjin ûndersoarten. Neffens Andrew T. Smith et al. yn A Guide to the Mammals of China (2008), lykwols, binne der 3 ûndersoarten:

  • L. c. comus (westlik Yunnan)
  • L. c. peni (sintraal Yunnan oant westlik Guizhou en súdwestlik Sichuan)
  • L. c. pygmaeus (fan 'e rivier de Jangtsekiang yn it noarden oant sintraal Yunnan)
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.


This article is issued from Wikipedia. The text is licensed under Creative Commons - Attribution - Sharealike. Additional terms may apply for the media files.