Ynterrasiale pornografy is in foarm of sjenre fan pornografy wêrby't de akteur(s) en aktrise(s) ferskillende etnyske eftergrûnen hawwe. As men de namme letterlik nimt, soe it dêrby gean kinne om lju fan alle rassen en alle seksuële oriïntaasjes, mar yn 'e praktyk wurdt dermei bedoeld: heteroseksuële pornografy wêrby't de akteur(s) blank binne en de aktrise(s) swart of krekt oarsom. Ynterrasiale pornografy makket gauris gebrûk fan rasiale stereotypen, lykas it leauwe dat swarte manlju grutter skepen binne as blanke manlju of dat swarte froulju gruttere stuten hawwe as blanke froulju. Likegoed kin it as in foarútgong beskôge wurde as men betinkt dat foarhinne ynterrasiale pornografy (alteast dy tusken swarte manlju en blanke froulju) út rasistyske omtinkens frijwol net foarkaam.
Mar nettsjinsteande it feit dat ynterrasiale pornografy tige populêr wurden is en him ûntjûn hat ta ien fan 'e fluchst groeiende en bêst ferkeapjende sjenres yn 'e pornoyndustry, fertelde de Britske aktrise Sophie Dee, in grutte namme yn 'e Amerikaanske pornowrâld, yn in fraachpetear yn 2010, dat der noch altiten druk útoefene wurdt op blanke pornoaktrises om mar net mei swarte akteurs te wurkjen, mei't dat harren karriêre ruïnearje soe.[1] Oare aktrises, lykas de Sisyljaansk-Amerikaanske pornostjer Mariah Milano, hawwe harren yn soartgelikense termen útlitten oer de hearskjende opfettings yn 'e pornoyndustry. Milano: 'Myn favorite ferlechje is ek it meast brûkte: 'Ik fiel my gewoan net oanlutsen ta swarte manlju, dat ik wol gjin film mei harren meitsje.' No, goed dan, trut, fieldest dy dan wol oanlutsen ta Ron Jeremy doe'tst in film mei him makkest?"'[2] (Ron Jeremy is de groulivige hierrige âlde pake fan 'e Amerikaanske pornoyndustry.)
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
|