De Ynternasjonale Organisaasje foar Standerdisaasje (Ingelsk: International Organization for Standardization; ISO) is in ynternasjonale organisaasje dy't noarmen fêstleit.
De organisaasje waard oprjochte op 23 febrewaris 1947 en is in gearwurkingsferbân fan nasjonale standerdisaasje-organisaasjes yn 162 lannen. It haadkantoar stiet yn Sjenêve yn Switserlân.
Yn Nederlân is it Nederlânsk Normalisaasje-ynstitút NEN it orgaan dat de ISO-standerts en Nederlânske útjeften dêrfan yn behear hat en ûntwikkelet.
This article is issued from Wikipedia. The text is licensed under Creative Commons - Attribution - Sharealike. Additional terms may apply for the media files.