It Ynternasjonale Romtestasjon ISS (Ingelsk: International Space Station) is in romtestasjon yn in baan om de ierde, dat troch ferskate lannen stipe wurdt. Op 20 novimber 1998 is it foarste diel de romte yn gien en sûnt 2 novimber 2000 libje der permanint romtefarders yn. De Feriene Steaten en Ruslân hawwe tige nau oparbeide by de Russyske Mir dêr't wittenskippers in protte fan leard ha, wat fertuten die foar it ISS projekt. It ISS projekt is it grutste wittenskiplik projekt dat ea bestean hat. Yn it earste desennium fan de 21e iuw is it stasjon hieltyd mear útwreide. Op 27 maaie 2011 waard de bou fan it ISS foareast foltôge mei de ynstallaasje fan de Alpha Magnetic Spectrometer (AMS). It is de bedoeling dat nei 2018 noch twa Russyske modules tafoege wurde sil: Nauka, ek Multipurpose Laboratory Module (MLM) neamd, en de Nodal Module.
Modulen
It ISS beslacht meiïnoar 14 modulen mei in folume fan 1.000 kubike meters. Dat binne keppel-, ûndersyk-, wenmodules en luchtslusen. Eltse module wurdt mei in Space Shuttle, Proton raket of Sojoez raket lansearre.
Module | Lansear datum | Ferfier troch | Datum keppeling | Massa | Montaazje flecht | Doel | Foto module | Stasjon nei keppeljen module |
---|---|---|---|---|---|---|---|---|
Zarya | 20 novimber 1998 | Proton-K | N/A | 19323 kg | 1A/R | Foarsjocht yn elektrisiteit, opslach, en haadûnderdiel fan de inisjele assemblaazje, wurdt no brûkt as opslach module. | ||
Unity (Node 1) | 4 desimber 1998 | Space Shuttle Endeavour, STS-88 | 7 desimber 1998 | 11612 kg | 2A | Foarste Amerikaanske keppeling, keppelet it Amerikaanske part mei it Russyske part fan it romtestasjon. | ||
Zvezda | 20 july 2000 | Proton-K | 26 july 2000 | 19051 kg | 1R | Wenmodule foar de romtefarders. Mei dizze module waard permaninte bewenning mooglik. | ||
Destiny | 2 febrewaris 2001 | Space Shuttle Atlantis, STS-98 | 10 febrewaris 2001 | 14515 kg | 5A | Undersyk sintrum en wenmodule. | ||
Quest | 7 july 2001 | Space Shuttle Atlantis, STS-104 | 14 july 2001 | 6064 kg | 7A | Luchtslûs foar it ienfâldiger meitsjen fan romtekuiers. | ||
Pirs | 14 septimber 2001 | Sojoez-U | 16 septimber 2001 | 3580 kg | 4R | Keppelingsmodule foar de Sojoez & Progress romtefartugen. Luchtslûs foar Russyske kosmonauten. | ||
Harmony (Node 2) | 23 oktober 2007 | Space Shuttle Discovery, STS-120 | 14 novimber 2007 | 14288 kg | 10A | Keppelmodule. U.o. foar de Jeropeeske Kolumbus en de Japanske Kibō modulen. Der kin ek in Multipurpose Logistics Module en Space Shuttle oan keppele wurde. | ||
Kolumbus | 7 febrewaris 2008 | Space Shuttle Atlantis, STS-122 | 11 febrewaris 2008 | 12800 kg | 1E | Undersyksintrum foar de Jeropeeske wittenskippers fan de ESA. | ||
Experiment Logistics Module | 11 maart 2008 | Space Shuttle Endeavour, STS-123 | 12 maart 2008 | 8386 kg | 1J/A | Part fan Japanske ûndersykmodule Kibō. | ||
Japanese Pressurized Module | 31 maaie 2008 | Space Shuttle Discovery, STS-124 | 3 juny 2008 | 14800 kg | 1J | Part fan Japanske ûndersykmodule Kibō. Dizze module is de grutste module fan it ISS. | ||
Multipurpose Laboratory Module | Desimber 2008 | Proton-K | TBD | 21300 kg | 3R | Noch net lansearre. De Russyske multifunksjonele module sil Ruslân's primêre ûndersyksintrum wurde yn it ISS. | ||
Mini-Research Module 2 | 15 augustus 2009 | Sojoez-U | - | 5R | Noch net lansearre. Russyske module foar opslach en foar it keppeljen fan romtefartugen. | |||
Node 3 | 22 oktober 2009 | Space Shuttle Endeavour, STS-130 | - | 14311 kg | 20A | Noch net lansearre. Amerikaanske keppelingsmodule. Stipende module dy't û.o. foarsjocht yn it ferfarskjen fan wetter en it opwekken foar soerstof. Der sitte fjouwer keppelings oan foar romtefartugen, en ien foar de module Cupola. | ||
Cupola | 22 oktober 2009 | Space Shuttle Endeavour, STS-130 | - | 1800 kg | 20A | Noch net lansearre. De Cupola is in observearrigns module. U.o. foar it bestudearjen fan de ierde. | ||
Mini-Research Module 1 | 18 maart 2010 | Space Shuttle Discovery, STS-132 | - | 4700 kg | ULF4 | Noch net lansearre. Keppel- en opslachmodule. |
Dielnimmende lannen
Dielnimmende lannen binne:
Foto's fan it ISS en de kontrôlesintrums
- Yn it romtestasjon.
- Wurkje yn it romtestasjon.
- Tarieding foar in romtekuier.
- Himmelje.
- Ite yn it romtestasjon.
- Wurkje yn it laboratoarium.
- It Russyske ISS kontrôlesintrum, Korolev Ruslân.
- It Amerikaanske ISS kontrôlesintrum, Houston Feriene Steaten.
Keppeling om utens
- Offisjele ISS websiden fan dielnimmende agintskippen
Understeande websiden binne Ingelsktalich