Ynternasjonaal Filmfestival fan Tessaloniki | ||
Bylden fan it Ynternasjonaal Filmfestival fan Tessaloniki. | ||
plak en tiid | ||
lân | Grikelân | |
krite | Gryksk-Masedoanje | |
plak | Tessaloniki | |
tiid fan it jier | novimber | |
bysûnderheden | ||
soarte evenemint | filmfestival | |
sjenre | ûnôfhinklike films | |
bestean | 1960 – no | |
offisjele webside | ||
www.filmfestival.gr |
It Ynternasjonaal Filmfestival fan Tessaloniki (Gryksk: Φεστιβάλ Κινηματογράφου Θεσσαλονίκης, Festibál Kinematográfou Thessaloníkes) is in filmfestival dat elts jier yn novimber holden wurdt yn 'e Grykske stêd Tessaloniki. It evenemint bestiet sûnt 1960 en is ien fan 'e âldste filmfestivals op 'e Balkan.
Skiednis
It Ynternasjonaal Filmfestival fan Tessaloniki bestiet sûnt 1960, doe't it oprjochte waard op inisjatyf fan 'e skriuwer, oersetter en filmkritikus Pavlos Zannas. Oarspronklik hiet it de Grykske Filmwike, en fan 1966 ôf it Gryksk Filmfestival fan Tessaloniki. Yn 1991 krige it syn hjoeddeistige namme.
Beskriuwing
It Ynternasjonaal Filmfestival fan Tessaloniki is ien fan 'e âldste en meast foaroansteande filmfestivals op 'e Balkan. It wurdt organisearre troch in eigen stifting ûnder tafersjoch fan it Gryksk Ministearje fan Kultuer. It Ynternasjonaal Filmfestival fan Tessaloniki is yn haadsaak wijd oan filmhûsfilms en oare ûnôfhinklike films. Deselde organisaasje is ek ferantwurdlik foar it jierlikse Dokumintêrefilmfestival fan Tessaloniki, dat yn maart plakfynt.
Op it Ynternasjonaal Filmfestival fan Tessaloniki wurde ûnôfhinklike films fan oer de hiele wrâld fertoand. De represintative edysje fan 2018 waard besocht troch 80.000 belangstellenden. De lokaasje foar it festival is fan âlds de histoaryske Olympion-bioskoop oan it Aristostelesplein. Sûnt 1999, doe't dat gebou te lyts waard, wurde ek fjouwer nije bioskopen yn 'e haven fan Tessaloniki brûkt, dy't dêr boud binne yn âlde pakhuzen.
Seksjes
It Ynternasjonaal Filmfestival fan Tessaloniki omfettet de folgjende seksjes:
- Ynternasjonale Kompetysje – films fan oer de hiele wrâld
- Moetsje de Buorlju – films út Súdeast-Jeropa en it Heine Easten
- Firtuele Realiteit
- Iepen Hoarizonnen – in seleksje avant-gardefilms
- Gryksk Filmfestival – in presintaasje fan 'e Grykske films fan it ôfrûne jier
- Balkanrapport – filmtrends op 'e Balkan yn kaart brocht
- Jeugdskerm – in seksje mei spesjale filmfertoanings foar skoalbern en de jongerein
Yn 'e marzje fan it Ynternasjonaal Filmfestival fan Tessaloniki wurdt fierders sûnt 2005 Agora holden, in platfoarm foar it lizzen fan konneksjes tusken filmprodusinten en regisseurs út ferskillende lannen.
Prizen
Op it Ynternasjonaal Filmfestival fan Tessaloniki wurde de folgjende prizen útrikt:
- Gouden Aleksander – foar bêste lange film, útrikt yn 'e seksjes Ynternasjonale Kompetysje (dêr't in jildbedrach an €15.000 oan ferbûn is); Moetsje de Buorlju (dêr't in jildbedrach fan €3.000 oan ferbûn) en Firtuele Reäliteit (ek mei in jildbedrach fan €3.000)
- Sulveren Aleksander – de spesjale priis fan 'e sjuery (foar de troch de sjuery as bêste útornearre lange film), dêr't in jildbedrach fan €8.000 oan ferbûn is
- Brûnzen Aleksander – de spesjale priis fan 'e sjuery foar de bêste regisseur
- Priis foar Bêste Akteur
- Priis foar Bêste Aktrise
- Priis foar Bêste Artistike Prestaasje of Senario
- Seemearmin – foar de bêste film mei in homoseksueel, lesbysk, biseksueel of transseksueel tema
- ferskate Jeugdsjueryprizen
- Priis foar Minsklike Wearden – útrikt troch it Helleensk Parlemint (it parlemint fan Grikelân)
Keppelings om utens
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side. |