Ynternasjonaal Filmfestival
fan Leeds
plak en tiid
lân Feriene Keninkryk
lânsdiel Ingelân
greefskip West-Yorkshire
plak Leeds
tiid fan it jiernovimber
bysûnderheden
ôfkoartingLIFF
soarte evenemintfilmfestival
bestean1987 – no
offisjele webside
www.leedsfilm.com

It Ynternasjonaal Filmfestival fan Leeds (Ingelsk: Leeds International Film Festival), ôfkoarte ta LIFF, is in filmfestival dat elts jier yn novimber holden wurdt yn 'e Ingelske stêd Leeds, yn it Feriene Keninkryk. It evenemint bestiet sûnt 1987. Der waarden yn 2015 mear as 300 films fertoand foar in publyk fan mear as 40.000 minsken. It Ynternasjonaal Filmfestival fan Leeds is dêrmei it grutste Ingelske filmfestival bûten Londen. Der wurde sawol lange as koarte films, sawol ferheljende films as dokumintêres, sawol kommersjele as ûnôfhinklike films en sawol live-actionfilms as tekenfilms fertoand.

Seksjes

It Ynternasjonaal Filmfestival fan Leeds omfiemet fiif seksjes:

Organisaasje

It Ynternasjonaal Filmfestival fan Leeds ûntfangt finansjele stipe fan 'e gemeente Leeds. It kantoar fan it festival is húsfêste op it stedhûs, dêr't it in romte dielt mei de organisaasje fan it Jeugdfilmfestival fan Leeds (LYFF), foarhinne it Filmfestival foar Bern en Jongerein fan Leeds (LCYPFF). Dat evenemint wurdt elts jier mei Peaske holden.

Keppelings om utens

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.

This article is issued from Wikipedia. The text is licensed under Creative Commons - Attribution - Sharealike. Additional terms may apply for the media files.