Ynternasjonaal Eroatysk Filmfestival fan Barcelona
plak en tiid
lân Spanje
aut. mienskip Kataloanje
plak L'Hospitalet de Llobregat
tiid fan it jieroktober                                          
bysûnderheden
ôfkoartingFICEB
soarte evenemintfilmfestival
sjenreerotyk en pornografy
bestean1992 – no
offisjele webside
www.ficeb.com

It Ynternasjonaal Eroatysk Filmfestival fan Barcelona (Spaansk: Festival Internacional de Cine Erótico de Barcelona; Katalaansk: Festival Internacional de Cinema Eròtic de Barcelona), ôfkoarte ta FICEB, is in filmfestival dat elts jier yn oktober holden wurdt. It fynt plak yn it Spaanske L'Hospitalet de Llobregat, in foarstêd fan Barcelona, yn 'e autonome mienskip fan Kataloanje. It evenemint leit him neffens de namme ta op eroatyske films, mar eins meitsje films fan dat sjenre mar in hiel lyts part fan 'e seleksje út en bestiet dy foar it meastepart út pornografyske films. It Ynternasjonaal Eroatysk Filmfestival fan Barcelona bestiet sûnt 1992 en is dêrmei it âldste evenemint fan syn soarte yn Jeropa.

Doel

It doel fan 'e Ynternasjonaal Eroatysk Filmfestival fan Barcelona is om 'e seksyndustry fan Spanje oan te fiterjen, troch it promoatsjen fan 'e binnenlânske produksje fan pornografyske films en oare seksprodukten.

Skiednis

It Ynternasjonaal Eroatysk Filmfestival fan Barcelona waard yn 1992 oprjochte. Sûnt 1997 waard it holden yn it konvinsjesintrum La Farga yn L'Hospitalet de Llobregat, in foarstêd fan Barcelona. Yn 2005 waard it evenemint formeel ekend troch it regear fan 'e autonome mienskip Kataloanje. De edysjes fan 2005, 2006 en 2007 waarden besocht troch 50.000 of mear belangstellenden. Nettsjinsteande dat wegere de gemeente L'Hospitalet de Llobregat yn 2006 en jou in nije fergunning ôf.

Fan gefolgen moast de edysje fan it Ynternasjonaal Eroatysk Filmfestival fan Barcelona fan 2008 útwike nei Madrid. Dy edysje hiet formeel it "XVIe Ynternasjonaal Eroatysk Filmfestival fan Barcelona yn Madrid". De organisaasje fan it evenemint kaam bleat te stean oan in protte krityk fan dielnimmers om't it festival doe holden waard yn 'e nachtklub Room Fabrik, deunby in bordeel. Yn 2009, doe't Spanje yn 'e greep fan 'e Bankekrisis wie, moast it Ynternasjonaal Eroatysk Filmfestival fan Barcelona omreden fan in gebrek oan subsydzje oergean.

Yn 2010 fûn it festival lykas fan âlds wer plak yn L'Hospitalet de Llobregat, mar ynstee fan yn La Farga, waard it fan doe ôf oan organisearre yn 'e sporthal Pavelló Municipal d'Esports de la Vall d'Hebron. Om't de romte dêr beheinder wie, moast it festival fan needs ek ynkrimpe. Op 'e edysje fan 2014 kamen 17.000 belangstellenden ôf, yn 2015 wiene der 20.000 besikers en yn 2016 telde it publyk 26.000 minsken. Yn 2018 berikte it tal besikers de 30.000. De edysje fan 2020 moast oergean omreden fan 'e koroanapandemy.

In optreden fan in pealdûnsjende stripper op 'e edysje fan it Ynternasjonaal Eroatysk Filmfestival fan Barcelona fan 2006.

Aktiviteiten

Yn ferhâlding ta it ferlykbere (mar ûnderwilens opdoekte) Hot d'Or-festival fan Cannes is it Ynternasjonaal Eroatysk Filmfestival fan Barcelona wol "minder eksklusyf", mar "mear alomfiemjend" neamd. It is in fiifdeisk festival, wêrby't pornoaktrises en pornoakteurs mank it publyk ferskine. Njonken fertoanings fan pornofilms binne der hantekeningsesjes, striptease-optredens en live seksshows, in moadeshow dêr't linzjery toand wurdt en in merk anneks fakbeurs op it mêd fan seksboartersguod. It Ynternasjonaal Eroatysk Filmfestival fan Barcelona hat in wichtige rol spile by it op gong helpen fan 'e karriêres fan ferskate pornoakteurs en -regisseurs, lykas Sophie Evans, Nacho Vidal en Toni Ribas.

Prizen

Op it Ynternasjonaal Eroatysk Filmfestival fan Barcelona wurde de FICEB Awards úrikt. Dêrfan besteane trije soarten: de Ninfa (Katalaansk foar "Nimf") foar heteroseksuele (en lesbyske) porno; de HeatGay foar (manlike) homoseksuele porno; en de Tacón de Aguja (Katalaansk foar "Hege Hakke") foar pornografy op it mêd fan bondaazje, SM en oare foarmen fan seksueel fetsjisme.

Keppelings om utens

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder References, op dizze side; ûnder Referencias, op dizze side; en ûnder Referències, op dizze side.


This article is issued from Wikipedia. The text is licensed under Creative Commons - Attribution - Sharealike. Additional terms may apply for the media files.