In maatskiplike ynstoarting, ek bekend as de fal fan in beskaving, is de hommelse beëiniging fan in al langere tiid besteande maatskippij of beskaving. Oarsaken foar sa'n ynstoarting kinne wêze: natoerrampen, oarloggen, deadlike epidemyen, ûntfolking of in kombinaasje dêrfan. Nei sa'n barren falt de troffen maatskippij werom nei in leger nivo fan ûntwikkeling, of giet er op yn in oare maatskippij, of hâldt er hielendal op te bestean. Yn it lêste gefal is der sprake fan in weromfal ta barbarisme of in delgong yn anargy.

Ferskate modellen en teoryen binne troch saakkundigen foarsteld, dy't maatskiplike ynstoartings ferklearje yn it ljocht fan bykommende faktoaren lykas tabrochte skea oan it miljeu, útputting fan natuerlike helpboarnen, dekadinsje (en dêrmei mank geand ferlies oan kreätiviteit), de oanboazjende kleau tusken earm en ryk, in nivo fan sosjale kompleksiteit dat nei ferrin fan tiid net fol te hâlden blykt te wêzen, en it yn ferfal reitsjen fan sosjale gearhing. De ynstoarting fan in maatskippij kin abrupt wêze, lykas yn it gefal fan 'e ynstoarting fan 'e Klassike Maya-beskaving yn Midden-Amearika, of stadichoan gean, lykas de fal fan it Romeinske Ryk healwei it earste milennium.

It ûnderwerp fan 'e ynstoartings fan maatskippijen wurdt bestudearre troch skiedkundigen, antropologen, sosjologen en politikologen.

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References en Further Reading, op dizze side.

This article is issued from Wikipedia. The text is licensed under Creative Commons - Attribution - Sharealike. Additional terms may apply for the media files.