Dizze side giet oer de hommelse befleaning fan kreätiviteit. Foar oare betsjuttings, sjoch: ynspiraasje (betsjuttingsside).

Ynspiraasje yn 'e kontekst fan 'e skiene keunsten, ek wol artistike ynspiraasje neamd, is in ûnbewuste, hommelse befleaning fan kreätiviteit op it mêd fan bgl. de skilderkeunst, byldhoukeunst, literatuer, dichtkeunst, ensfh. It wurd 'ynspriraasje' komt fan it Latynske inspirare, dat "[eat earne] ynazemje" bestjut. Dit konsept hat syn woartels yn 'e Grykske filosofy. De Alde Griken mienden dat sokke ynspiraasje jin troch de muzen ynjûn waard, of oars troch de goaden Apollo of Dionysus. Krektlyk learde it Noardske heidendom dat artistike ynspiraasje fan goaden as Odin en Bragi kaam. Ek yn it joadendom komt ynspiraasje út in godlike boarne. It bibelboek Amos ferhellet bgl. hoe't de profeet Amos oerweldige wurdt troch de stim fan God en dêrtroch net oars kin as te profetearjen. Yn 'e kristlike kontekst wurdt artistike ynspiraasje almeast sjoen as in jefte fan 'e Hillige Geast.

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.

This article is issued from Wikipedia. The text is licensed under Creative Commons - Attribution - Sharealike. Additional terms may apply for the media files.