Ynlânske Salisjaanske talen | ||
algemien | ||
lokaasje | súdeastlik Britsk-Kolumbia, eastlik Washington, de Idaho Panhandle, westlik Montana | |
tal talen | 7 | |
tal sprekkers | 1.600 (2014) | |
taalbesibskip | ||
taalfamylje | Salisjaanske talen | |
subgroepen | ● Noardlik Ynlânsk Salisjaansk ● Súdlik Ynlânsk Salisjaansk |
De Ynlânske Salisjaanske talen (ek wol stavere as Ynlânke Salishaanske talen) foarmje in taalkloft fan 'e Salisjaanske taalfamylje. Dizze Yndiaanske talen waarden fan oarsprong sprutsen yn it súdeasten fan 'e Kanadeeske provinsje Britsk-Kolumbia, it easten fan 'e Amerikaanske steat Washington, de Idaho Panhandle en westlik Montana. De Ynlânske Salisjaanske talen kinne fierder opdield wurde yn twa tûken: de Noardlike Ynlânske Salisjaanske talen en de Súdlike Ynlânske Salisjaanske talen. Yn totaal binne der 7 ûnderskate talen, dy't anno 2018 allegear noch as memmetaal sprutsen wurde, hoewol't ien, it Keur d'Alêne, op útstjerren stiet.
Etymology
De Ynlânske Salisjaanske talen foarmje ien fan 'e beide wichtichste tûken fan 'e Salisjaanske taalfamylje. De oare wurdt foarme troch de Kust-Salisjaanske talen, dy't fierder westlik, oan 'e kust fan 'e Stille Oseaan, sprutsen wurde. De earste Yndianen dy't in Salisjaanske taal sprieken en yn kontakt kamen mei blanke ûntdekkingsreizgers en kolonisten, wiene de Plathollen (Flathead) fan westlik Montana. De term 'Salisjaansk', of yn it Ingelsk Salishan of koartwei Salish, is in ferbastering fan it autonym fan 'e Plathollen: Séliš. De oantsjutting 'Ynlânsk' tsjinnet ta ûnderskie fan 'e Kust-Salisjaanske talen.
Sprekkers
Fan 'e 7 Ynlânske Salisjaanske talen dy't as sadanich troch taalkundigen erkend wurde (de sprekkers beskôgje oer it algemien alle dialekten as aparte talen), is anno 2018 noch net ien útstoarn, hoewol't it Keur d'Alêne (Coeur d'Alene) mei noch mar 4 sprekkers noch amper as in libbene taal beskôge wurde kin. Fan 'e oare talen fan 'e groep hawwe it Kolumbia-Moses en it Montana-Salisjaansk minder as 100 sprekkers, wylst de rest sprekkerstallen fan inkele hûnderten hat. De grutste taal yn 'e groep is it Okanagan, mei noch 590 sprekkers.Yn totaal wiene der yn 2014 noch 1.600 sprekkers fan alle Ynlânske Salisjaanske talen mei-inoar. Op in etnyske befolking fan likernôch 35.000 minsken komt dat del op in sprekkerspersintaazje fan 4,6%.
Underferdieling
|
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side. |