De 42-rigelige bibel fan Gutenberg, it earste printe boek (1454)
Jean d'Arras - Die wonderlike vreemde ende schone historie van Melusijnen ende van haren geslachte (ynkunabel út 1491 - Keninklike Bibleteek fan België)
In typografyske ynkunabel (Valerius Maximus, Facta et dicta memorabilia, printe troch Peter Schöffer yn Mainz, 1471)
Detail fan in edysje fan de blijspullen fan Plautus, útjûn troch Ulrich Scinzenzeler yn Milaan (1490), foarsjoen fan it wapenskyld fan de earste eigner mei byhearrende fersiering

In ynkunabel is in boek of skrift dat set is mei leadletters en printe fóár 1 jannewaris 1501 yn Jeropa. It wurd ynkunabel is om 1640 hinne betocht troch de Westfaalske learde Bernhard von Mallinckrodt en komt fan it Latynske incunabula wat wynsels (om in poppe mei yn te bakerjen) of ruft betsjut.

Tiidrek

It earste printe boek die syn yntrede om 1454 hinne, en it tiidrek fan de ynkunabelen hat dus sa’n heale iuw duorre. De ynkunabelprinter wurke as ambachtsman meast om winst te meitsjen. Hy printe gewoanwei teksten dy’t goed yn de merk leine, bygelyks godstsjinstich materiaal lykas bibels, missalen, teologyske kommentaren, brevieren en skoalboeken, mar ek ‘stichtlike’ teksten, ridderromans, juridyske stúdzjes en teksten fan klassike skriuwers. Yn it printproses waard yn ’t earstoan besocht safolle mooglik de hânskreaune teksten nei te dwaan.

It jiertal 1501 as grins is arbitrêr. It jout net daliks in omslachpunt yn de boekdrukkeunst oan, mar is allinnich it earste jier fan de 16e iuw. Wol makket de ‘ynkunabelstyl’ yn de earste tweintich jier fan de sechstjinde iuw dúdlik plak foar de moderne renêssânsistyske typografy, dy’t begûn mei de Fenesjaanske printer Aldus Manutius (aktyf fan 1495-1515). It jiertal 1500 wurdt sûnt de 17e iuw algemien brûkt as symboalysk einpunt fan it tiidrek dêr’t it printe boek as manuskript yn neidien waard. Boeken printe tusken 31 desimber 1500 en 1540 neame jo postynkunabels. Beide tiidrekken ha in tal deselde skaaimerken, dy’t har yn wêzen ta ien tiidrek meitsje: de dielkundichheden, fan setter oant boekhanneler, wiene noch net spesjalisearre: ién man koe alle hannelings dwaan it fak wie yn opbou, en der bestiene tal fan lytse bedriuwkes der wiene noch gjin standertlettertypen makke.

Yn it tiidrek oant 1540 wiene Dútslân en Itaalje boppedat wichtige sintrums fan printkeunst. De rol fan wichtige printsintrums waard nei de (post)ynkunabelperioade oernommen troch Frankryk, de Nederlannen en Ingelân. Doe ûntstie der ek spesjalisme, de bedriuwen konsintrearren har en waarden grutskaliger, en linkendewei krigen guon lettertypen it ynternasjonaal foar it sizzen.

Betsjuttingsferskowing

It wurd ‘’ynkunabel’’ as term foar printwurk waard foar it earst brûkt yn in boek fan de Münsterske geastlike Bernard von Mallinckrodt. De ortu et progressu artis typographicae (Oer it opkommen en de ûntjouwing fan de keunst fan de typografy), publisearre yn Keulen yn 1639, dêr’t de sin prima typographicae incunabula (de earste bernetiid fan it printsjen) yn foarkomt. Dêryn ferwiist it wurd ‘incunabula’ nei in tiidrek, net nei ien boek: it tiidrek dêr’t de typografy noch in poppe yn wie.

Yn 1653 waard dat tiidrek fêstlein lykas wy it no noch brûke: Philippe Labbé brûkte ‘incunabula’ yn syn Nova bibliotheca librorum manuscriptorum foar it tiidrek oant en mei 1500. Earst yn de 18e iuw rekke it wurd fan tapassing op boeken út de ierste perioade. Dêrtroch koe de Latynske nijfoarming ‘incunabulum’ ek ûntstean, dy’t tsjintwurdich net mear brûkt wurdt.

Inkelde printers

Ferneamde ynkunabels binne bygelyks it earste echt printe boek, de Gutenbergbibel út sawat 1453 en de Kronyk fan Neurenberg fan Hartmann Schedel (Neurenberg), yn 1493 printe troch Anton Koberger. Yn 1477 waard yn Gouda troch printer Gheraert Leeu it earste Nederlânske net-religieuze boek printe. Die hystorie vanden grooten Coninck Alexander. In unike ferzje fan dy ynkunabel mei houtsnedes, printe yn Delft yn 1491, kaam yn 2009 yn it besit fan de Nederlânske Keninklike Bibleteek.

Oare bekende printers fan ynkunabels wiene Albrecht Pfister yn Bamberg, Günther Zainer yn Augsburch, Johann Mentelin yn Straatsburch, Nicolas Jenson en Aldus Manutius yn Feneesje en William Caxton (Brugge en Londen).

Inkelde sifers

Yn it midden fan de fyftjinde iuw kaam de oplage fan in publikaasje gewoanwei net boppe de 100-300 eksimplaren. Oan de ein fan de ynkunabeltiid koe de oplage oprinne oant in tûzental. It tal ferskillende ynkunabels is sawat 29.000. Der binne neffens rûzings meiïnoar sawat 500.000 eksimplaren bewarre bleaun.

Kolleksjes

Ynkunabel 15e iuw

De bibliografy mei it measte oerwicht is de Gesamtkatalog der Wiegendrucke dy’t gearstald wurdt oan de Staatsbibliothek zu Berlin.
De grutste kolleksjes ynkunabels binne te finen yn de folgjende bibleteken:

  • Bayerische Staatsbibliothek, München (18.550 ynkunabels)
  • British Library, Londen (12.500)
  • Bibliothèque nationale de France, Parys (12.000)
  • Fatikaanske bibleteek, Fatikaanstêd (8000)
  • Österreichische Nationalbibliothek, Wenen (8000)
  • Württembergische Landesbibliothek, Stuttgart (7000)
  • Huntington Library, San Marino, Kaliforje (5600)
  • Library of Congress, Washington, D.C. (5600)
  • Bodleian Library, Oxford (5500)
  • Staatsbibliothek zu Berlin, Berlyn (sawat 5000)
  • Cambridge University Library, Cambridge (4600)
  • John Rylands Library, Manchester (4500)
  • Harvard University, Cambridge, Massachusetts (3600)
  • Yale University, New Haven, Connecticut (Beinecke Library, 3100, oare bibleteken 425)
  • Koninklijke Bibliotheek fan België, Brussel, (2550)
  • Biblioteca Ambrosiana, Milaan (sawat 2300)
  • Keninklike Bibleteek, Den Haach (2000)
  • Museum Meermanno, Den Haach (1500)
  • University of Illinois at Urbana-Champaign (1130)

Persintaazjes

Sjoch ek

Incunabula Short Title Catalogue: katalogus fan alle edysjes fan ynkunabels byholden troch de British Library

Boarnen, noaten en/as referinsjes:
    This article is issued from Wikipedia. The text is licensed under Creative Commons - Attribution - Sharealike. Additional terms may apply for the media files.