| |||||
Offisjele taal | Bahasa Indonesia | ||||
Haadstêd | Jakarta | ||||
Steatsfoarm | Republyk | ||||
Gebiet % wetter |
1.904.569 km² 4,85% | ||||
Ynwenners (2004) | 238.452.952 | ||||
Munt | Rupiah (IDR) | ||||
Tiidsône | UTC +7 oant +9 | ||||
Nasjonale feestdei | 12 juny | ||||
Lânkoade | IND | ||||
Ynternet | .id | ||||
Tillefoan | 62 |
Yndoneezje is in lân yn Súdeast-Aazje. De haadstêd is Jakarta en de presidint fan de republyk is sûnt 2014 Joko Widodo.
Geografy
Lizzing
Yndoneezje wurdt begrinzge troch:
- Maleizje en de Súd-Sineeske See yn it noarden;
- de Selebes See, de Filipinen en de Grutte Oseaan yn it noardeasten;
- Papoea Nij-Guinea yn it easten;
- Austraalje, de Arafura See en East Timor yn it súdeasten;
- de Timor See yn it suden;
- de Yndyske Oseaan yn it westen;
- de Andaman See yn it noardwesten.
Lânskip
Yndoneezje bestiet út mear as 13.600 eilannen dy't ferspraat lizze, oer in 5.000 km lang gebiet (de Gordel fan Smaragd), by de evener lâns. Om-ende-by de helte fan de eilannen wurdt bewenne. It klimaat is tropysk fochtich.
De fiif grutste eilannen binne Java, Sumatra, Kalimantan (it Yndonezyske part fan Borneo), Nij-Guinea (dield mei Papoea Nij-Guinea), en Sulawesy. De heechste pyk fan Yndoneezje is Punsak Jaya yn Nij-Guinea op in hichte fan 4,884 meter en de Tobamar yn Sumatra is de grutste mar, mei in oerflak 1,145 km². De grutste rivieren lizze yn Kalimantan: de Mahakam en de Barito.
Eartiids wie it lân bedekt mei bosken en noch altyd is mear as helte fan alle oerflak mei ± 140 miljoen hektare reinwâld begroeid. Dêrmei is it op Brazylje nei it grutste fan de wrâld. Yn it skaad fan de betiden reuseftige beammen leit in ûntsachlike grutte rykdom oan planten ferskûle.
Lykwols wurdt alle jierren om-ende-by in miljoen hektare grûn ûntboske. Dat komt omdat troch de befolkingsoanwaaks nije lânbougrûnen noadich binne. Ferbaarning fan beammen om stikken grûn bouryp te meitsjen rjochtet ôfgryslike skea oan. It bouryp meitsjen fan grûn sa as troch de Dajaks iuwenlang dien waard feroarsake destiids net folle skea oan de bosk, mar de ûntbosking op de skeal fan tsjintwurdich hat in ferwoastend effekt op de natoer yn Yndoneezje.
Yn de wide leechflakte op Sumatra en Kalimantan lizze grutte fean- en sweetwettersompebosken.
Bioferskaat
Troch har grutte ôfmjittingen, tropyske klimaat en trochdat it in eilannenryk is, hat Yndoneezje op Brazylje nei it grutste bioferskaat op 'e wrâld. De floara en fauna litte in miks sjen fan sawol Aziatyske en Australyske soarten. Eartiids wie in grut diel fan de eilannen lykas Sumatra, Borneo en Baly ferbûn mei it Aziatyske fêstelân en hawwe dêrtroch in grutte rykdom oan Aziatyske soarten. Grutte diersoarten as de Sumatraanse tiger, rinoseros, orang-oetan, Aziatyske oaljefant en loaihoars kamen ea eastlik foar oant en mei Baly. Op Kalimantan en Sumatra bestiet de begroeiing fral út Aziatyske soarten. Sulawesy, Nusa Tenggara en Maluku binne al sûnt lange tiid net mear ferbûn mei it fêstelân en hawwe in eigen unike floara en fauna ûntwikkele.
Skiednis
It gebiet fan Yndoneezje stie ynearsten ûnder ynfloed fan it hindoeïsme en boedisme. Fan de 13e iuw ôf begûn de islamisearring. Yn de 16e iuw kamen de Nederlanners dy't oant-en-mei de 19e iuw de archipel stadichoan feroveren om de lukrative speserijhannel behearskje te kinnen.
Yn de Twadde Wrâldkriich waard Nederlânsk-Ynje troch Japan beset, dat yn 1949 as "Republyk Yndoneezje" ûnôfhinklikheid krige. Sûnt dy tiid hawwe der ferskate militêre steatsgrepen en rebûlje yn it lân west .
Demografy
Befolking
De totale befolking fan Indoneezje waard yn 2008 op in oantal fan 237 miljoen skatten, dêr't allinnich op it eilân Java al mear as 130 miljoen fan wenje en dêrmei it tichtstbefolke eilân op 'e wrâld.
Yn de hiele archipel wurde om-ende-by 300 ferskate befolkingskloften ûnderskieden en 742 ôfsûnderlike talen en dialekten sprutsen. De grutste etnyske groepearring binne de Javanen dy't 42% fan de befolking útmeitsje en de polityk en kultureel dominante faktor yn it lân. De Soendanezen, de etnyske Maleisjers en de Madoerezen binne de grutste net-Javaanske groepearringen. Oare wichtige groepearringen yn Yndoneezje binne de Sjinezen, Ynjers, Jeropeanen en Arabieren, dy't meastentiids konsintrearre libje yn de stedlike gebieten. Oer it generaal is de Yndonezyske mienskip harmonieusk alhoewol't sociale, religieuze en etnyske konflikten eartiids en hjoeddeisk betiden laat hawwe ta ûnderlinge gewelddiedichheden. In grut part fan de partikuliere sektor wurdt kontrolearre troch de Sinezen dy't mar 5% fan de befolking útmeitsje en wat bydrage hat oan anty-Sineeske sentiminten en betiden anty-Sineesk geweld.
Talen
De offisjele nasjonale taal, it Yndonesysk wurdt op alle skoallen les yn jûn en wurdt troch alle Yndoneezjers sprutsen. De taal wie oarspronklik de lingua franca foar it grutste part fan de regio, ynklusyf Maleizje. Njonken it Yndonesysk sprekke de measte Yndoneezjers ek ien fan de hûnderten lokale talen (bahasa daerah), meastentiids as earste taal. Fan de lokale talen is it Javaansk de meast sprutsen taal. Fieders sprekt in part fan de âldere ynwenners noch hieltyd yn mear of mindere mjitte Nederlânsk.
Religy
Hoewol't Yndoneezje gjin islamityske steat is, is Yndoneezje wol it lân mei de grutste moslimpopulaasje fan de wrâld. Tidens de befolkingstelling fan 2000 die bliken dat 86,1% fan de Yndoneesjers harsels moslim neamden. Kristenen meitsje 8,7% fan de befolking út, 3% is hindoe en 1,8% boedist of wat oars. De measte Yndonesyske hindoes binne Balinezen en de measte boedisten binne etnyske Sinezen. Hoewol't dizze religys yn de minderheid binne hawwe it hindoeïsme en it boedisme noch hieltyd in wichtige ynfloed op de Yndonesyske kultuer. De islam waard yn de 13e iuw yntrodusearre troch Arabyske hannelaars yn it noarden fan Sumatra en fan dêrút wreide it har stadichoan út oer de Yndonesyske archipel oant it tsjin de 16e iuw de wichtichste religie waard. It roomsk-katolisisme waard troch de Portugezen meibrocht, wylst it protestantisme troch Nederlânske kalvinistyske en luterse missy ynspannings ûnder it koloniale bewâld.
Bestjoerlike yndieling
Provinsjes en harren haadstêden
|
|
Ekonomy
Middelen fan bestean
Yndoneezje beskikt oer grutte foarrieden grûnstoffen: benammen ierdoalje en ierdgas, mar ook bauksiet, tin, koper en nikkel.
De eksport fan grûnstoffen hat it lân yn it ferline ôfhinklik makke fan yndustrylannen, einprodukten moasten foar in protte jild ymportearre wurde. Nei de oaljekrisis fan 1973 feroare dat. Begjin jierren njoggentich bestie sawat de helte fan de eksport út yndustryprodukten; de tekstyl-, fiedingsmiddelen, elektronika-, meubel- en auto-yndustry konsintreare him op it eilân Java.
Yndoneezje is lykwols noch hieltyd in agrarysk lân. Sa'n 55% fan de befolking fertsjinnet har jild yn de lânbou. Likernôch 25% fan de totale eksport bestiet út lânbou produkten (rubber, kopra, palmoalje, tee, kofje, rys, kakao, tabak, speserijen). Hout is ûnderwilens de op ien nei wichtichste deviezenboarne.
Earmoede
Neffens de Feriene Naasjes libbet yn Yndoneezje 16,0% fan de befolking ûnder de earmoedegrins.[1]
Yndoneezje hat relatyf sjoen in sterke positive ûntwikkeling trochmakke en tsjintwurdich leit de grins op itselde nivo as de Westerske lannen. Lykwols binne ferskillende goederen goedkeaper yn Yndoneezje as bygelyks yn Nederlân. It iten is relatyf goedkoop, in auto keapje is relatyf djoer.
Boarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
Literatuer:
Fuotnoat:
|