Yn 2000 diene atleten út East-Timor mei ûnder de namme yndividuële Olympyske en Paralympyske atleten mei om't dat gebiet destiids ûnder gesach fan de Feriene Naasjes stie neidat it him losmakke hie fan Yndoneezje. It gebiet hie noch gjin eigen Nasjonaal Olympysk Komitee sadat der formeel gjin sporters ôffurdige wurde koene. It IOC makke dit mooglik troch de sporters as Individuele olympyske atleten dielnimme te litten. Der waarden gjin medaljes wûn.
Yn 2016 wiene de yndividuële Olympyske en Paralympyske atleten, atleten út Koeweit, om't Koeweit wie as lân útsletten wie fanwegen oerheidbemuoienis mei it nasjonaal Olympysk komitee.
Dit artikel is in stobbe. Jo wurde útnûge en foegje jo witten hjir ta. |
This article is issued from Wikipedia. The text is licensed under Creative Commons - Attribution - Sharealike. Additional terms may apply for the media files.