Xanten
FlaggeWapen
Polityk
Lân Dútslân
Dielsteat Noardryn-Westfalen
KreisWesel
Sifers
Ynwennertal21.502 (31.12.2021)
Oerflak72,40 km²
Befolkingstichtens297 ynw./km²
Hichte22 m. boppe seenivo
Oar
TiidsôneUTC+1
SimmertiidUTC+2
Koördinaten51° 39' N 6° 27' E
Websidewww.xanten.de

Xanten is in stêd yn it noardwesten fan de Dútske dielsteat Noardryn-Westfalen. De stêd heart ta it Kreis Wesel.

Skiednis

De skiednis fan Xanten giet werom op de Romeinske tiid dat is mear as 2000 jier âld. By it romeinske kamp Castra Vetera waard yn dy tiid in delsetting stifte mei de namme Colonia Ulpia Traiana. It tsjintwurdige Xanten ûntstie in eintsje fierderop, nei't oer it grêf fan de hillige Fiktor fan Xanten in tsjerke boud waard en dêr om hinne de earste bebouwing ferskynde. De namme "Xanten" is in gearlûking fan Ad Sanctos (by de hilligen). Yn 1263 waard úteinset mei de bou fan de domtsjerke fan Xanten. Al yn 1228 krige Xanten stedsrjochten.

Gemeenteyndieling

Sûnt 1969 bestiet de gemeente út de plakken Beek, Birten, Lüttingen, Marienbaum, Mörmter, Obermörmter, Ursel, Vynen, Wardt, Willich en Xanten.

Ofbylden

Sjoch ek

Keppeling om utens

This article is issued from Wikipedia. The text is licensed under Creative Commons - Attribution - Sharealike. Additional terms may apply for the media files.