De Wytsingen, Wytsings, Wytsingers of Noarmannen wienen Skandinavyske bewenners fan Súd-Noarwegen, Sweden en Denemarken. Sy ferskynden op de ein fan de 8e iuw foar de kusten fan West-Jeropa, yn it earstoan as seerôvers en plonderers, mar letter ek as feroverers, stifters fan steaten en betiden as hannelders. Ek yn East-Jeropa lieten sy fan harren hearre. It tiidrek dêr't sy yn foarkomme einiget yn de 11e iuw en oant dy tiid hawwe sy in spoar fan ferwoasting efterlitten.
De Wytsingen wienen in kloft fan Germaanske folken, dêr't sprake wie fan in grutte kulturele ienheid, benammen op sosjaal en ekonomysk flak, taalkundich (it Aldnoarsk) en op it mêd fan religy: panteïsme of polyteïsme. Nei ferrin fan tiid wie der wol sprake fan ferskil tusken de ferskate groepen. Ek wie der striid ûnderinoar en bestienen allegear selsstannige foarstedommen.
Etymology
Oer de oarsprong fan it wurd 'Wytsing' binne ferskate teoryen. It wurd soe ôfkomstich wêze fan it wurd 'vík', dat oerset wurdt as fjord, baai, rôver of hanneler. Neffens guon teoryen soe mei dit Wíc (Wík) spesifyk de see tusken it suden fan Noarwegen en it suden fan Sweden, wêrfan't it grutste part ta it tsjintwurdige Skagerrak heart, betsjut wurde. Mar it wurdt ek wol yn ferbân brocht mei West-Noarske termen dy't oan de ein fan de Wytsingetiid brûkt waarden: wykingr en wyking betsjut safolle as 'immen dy't op see fjochtet', 'rôver', 'skermutselingen' of 'oarloch op see'.
Skiednis
It earste berjocht dat oer Wytsingen opskreaun is, datearret út 793 doe't in kleaster op it eilân Lindisfarne foar de noardeastlike kust fan Ingelân plondere waard. Foar harren komst nei it suden bestean in oantal teoryen. Ien dêrfan jout de delgong fan de Fryske hannelsfloat as reden. Under de Grutte Fryske opstân yn 785 waard nammentlik troch Karel de Grutte it grutste part fan de Fryske float ferneatige. Neffens guon skiedkundigen hat dat in wichtige reden west foar de Wytsingen om rjochting it suden te gean; hja moasten doe sels harren hannel helje sûnt de Friezen fuortbleaunen. Oare teoryen sizze dat troch oerbefolking en fiedseltekoarten Germaanske stammen út Skandinaavje wei gongen op aventoer, dêr't ek by plondere en rôve waard. In oare wichtige reden foar dy tochten wie de Noarske gewoante dat de âldste soan as ienige erfgenamt alle besittings fan de heit oerurf. Sadwaande ûntstie der in oerskot oan jonge lju dy't op siik moasten nei in oare boarne fan bestean.
Yn it tiidrek fan de Wytsingen wurde twa perioaden ûnderskieden. Fan 789-840 wie meastentiids sprake fan plondertochten, dêr't gebieten by oanfallen waarden en ek wer gau ferlitten. Mar fan om-ende-by 840 ôf komt hieltyd mear struktuer yn de oanfallen dy't ek wiidweidiger fan opset wurde en dêr't ek mear sprake is fan fêstiging of kolonisaasje yn de oermastere gebieten.
By de Wytsingen wurdt ûnderskied makke yn Noarske, Deenske en Sweedske Wytsingen. De Noarske Wytsingen fearen nei it westen en kolonisearren Yslân en Grienlân. De Deenske Wytsingen wienen fral seerôvers en teheisteren it fêstelân fan West-Jeropa. In grut part fan Ingelân kaam yn harren besit en hja hienen ynfloed oant en mei de Middellânske See. Sy koenen fral sa suksesfol wêze troch de flugge skippen (drakars) dêr't sy oer beskikten. De Sweedske Wytsingen hienen har oandacht rjochte op East-Jeropa, ynearsten op de Baltyske gebieten, mar letter ek djipper Ruslân yn dêr't sy wichtige delsettingen stifte hawwe. Op harren fierste tochten kaam hja, fia Ruslân en de Swarte See, ek oant yn de Middellânske See.
Tusken 1000 en 1100 waard Skandinaavje troch kristlike prekers besocht en soe it stamgebiet fan de Wytsingen bekeard wurden ta it kristlike leauwe.
Drakaars
De Wytsingen hiene lichte boaten ta harren foldwaan dy't Drakaars neamd waarden en dêr't hurd mei fearn wurde koe. It wiene kundige skipbouwers dy't sawol grutte as lytse boaten bouden foar it ferfieren fan fracht (minsken, guod en fee) en ek om der kriich mei te fieren. De skippen dy't sy bouden, wiene lang en smel en hiene foar en efter deselde foarm. Sy wiene sa kundich boud, dat der sels mei op de Atlantyske Oseaan fearn wurde koe. De tochten dy't de Wytsingen makken, brochten harren sels nei Amearika.
Mar de skippen wiene net allinnich tige gaadlik om de see mei te befarren, troch harren lytse djipgong koe der ek hiel goed mei op de Jeropeeske rivieren fearn wurde. Dêrtroch koene sy hiel fier it kontinent ynkringe en oer lân fan it iene rivierestelsel nei it oare komme. De Wytsingen wiene tige grutsk op harren skippen. De skippen hiene nammen en waarden als in libben wêzen behannele. De boech wie faak prachtich fersierd mei houtsnijwurk en ynlein mei allegearre houtsoarten en soms edele metalen.
Eastlike ekspânsje troch de Sweden
De Sweedske Wytsingen swalken út oant en mei it tsjintwurdige Ruslân, dat sels syn namme oan harren te tankjen hat. Rus wie oarspronklik de namme foar de (Sweedske) Wytsingen dy't Ruslân berikten (it kin 'readhierrige' of 'roeier' betsjutte); pas letter waard mei dat wurd de hiele befolking fan Ruslân bedoeld. De Sweed Rurik stifte de earste Russyske steat: it Kievske Ryk. Fierder stiften de Wytsingen wichtige hannelsstêden as Novgorod en Kiev en hannelen sy út Ruslân wei mei Konstantinopel. Ferskate kearen hawwe de 'Russyske' Wytsingen besocht om Konstantinopel te oermasterjen. Dat bleau lykwols sûnder resultaat fanwegen de goede ferdigeningswurken om de stêd hinne. Lykas harren foargongers yn it eardere Romeinske ryk ferbûnen guon fan de Wytsingen harren oan it Byzantynske leger as hierling. Sy waarden ûnderbrocht yn in spesjale elite-ienheid dy't de persoan fan de keizer beskermje moast, dy Wytsingsienheid stie bekend as Varjagen.
Sudlike ekspânsje troch de Denen
De Deenske Wytsingen farden súdlik nei Ingelân, Flaanderen, Nederlân, Frankryk en Normandje. Yn 834 oermasteren sy foar it earst it doetiids wichtige hannelssintrum Dorestêd yn it tsjintwurdige Nederlân. By it Limburchske doarpke Asselt hienen sy in oantal jierren in fersterke kamp fan wêrút sy alle jierren op rôftocht gienen. Ek yn it oanbuorjende greefskip Flaanderen gienen de Deenske Wytsings tekear. Antwerpen waard yn 836 plondere. Dêrnei folge de Rûpelstreek mei de stêden Gint, Kortrijk, Doornik, Leuven en de Maasstreek.
Fryslân
Yn 841 waard it hartochdom Fryslân oermastere troch de bruorren Rorik en Harald, soannen fan de Deenske kening Anulo, dy't earder de eilannen Wieringen (Rorik) en Walcheren (Harald) fan keizer Loadewyk de Fromme yn lien krige hiene. De Frankyske keizer moast him derby dellizze dat Rorik oer Fryslân hearske (850). Yn dat jier waarden troch Deenske Wytsingen ek de wichtige stêden Doarestêd en Utert plondere, wêrtroch oft de biskop fan Utert, Hunger, útwike moast nei Dimter. Loadewyk stie dêr machteleas tsjinoer en besocht om de Wytsingelieders oan him te binen troch grutte gebieten yn lien wei te jaan. Sadwaande waard Rorik as Greve oer Fryslân beneamd. Yn 885 kaam in ein oan de oerhearsking fan Fryslân troch de Wytsingen mei de dea fan Godfried dy't Rorik opfolge hie as greve.
Normanje
By de Frânske Kanaalkust stiften de Deenske Wytsingen delsettings, dêr't sy jierliks rôftochten fan wei hâlden, yn Frankryk en omkriten. Sy plonderen sels inkele kearen Parys en de Frankyske kening joech harren lang om let lienrjochten foar it Kanaalgebiet. Fan dy tiid ôf soe it stik lân bekend wurde as it Noarmannengebiet oftewol Normanje. Fan hjir út begûn Willem de Oermasterder yn 1066 mei syn ferovering fan Ingelân. De Wytsingen út ûnder oaren Normanje oermaterren yn de 11e iuw fierders sels Súd-Itaalje en Sisylje.
Ingelân
Yn de tuskentiid fêstigen ek in protte Denen en Noaren harren yn Noard-Ingelân, Ierlân en Skotlân. Stadichoan kamen grutte parten fan de Britske eilannen yn harren besit en waarden de Angelsaksyske hearskers ferdreaun. De Angelsaksyske bewenners en de Wytsingen soenen harren ûnderling ferminge. Yn 1013-1016 oermastere Knoet de Grutte sels de Ingelske troan en hearske hy koarte tiid oer in machtich Deensk-Ingelsk ryk.
Westlike ekspânsje troch de Noaren
De Noarske Wytsingen teagen nei it westen ta, en kolonisearren de Faeröer, de Sjetlân, de Orkaden, Yslân en Grienlân, en tegearre mei de Deenske Wytsingen it grutste part fan Ierlân en parten fan Ingelân.
Herjolfsson ûntduts Amearika opnij en Leif Eriksson besocht der in koloanje te stiftsjen. Yn âlde Noarske en Yslânske kroniken waard sprutsen oer Vinlân dat fermoedlik yn eastlik Kanada lei. Archeologen hawwe letter yndied in Wytsinge-delsetting fûn yn L'Anse aux Meadows op Nijfûnlân, mar nei it skynt hawwe de Wytsingen net langer as in jier of twa oanien yn Amearika west.
Sjoch ek
- Noarske mytology
- Germaanske mytology
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
Literatuer:
Keppeling om utens: |