Wystheid fan Jezus Kristus | ||
algemiene gegevens | ||
auteur | anonimus | |
taal | Aldgryksk | |
foarm | non-fiksje | |
sjenre | religiosa | |
skreaun | <3e iuw |
De Wysheid fan Jezus Kristus is in algemien as apokryf beskôge kristlike religieuze tekst, besibbe oan it Nije Testamint fan 'e Bibel. It is in gnostysk geskrift, dat yn desimber 1945 fûn waard troch twa boeren by it Egyptyske Nag Hammady, dêr't it mei in stikmannich oare gnostyske teksten, wêrûnder it folle bekendere Evangeelje fan Tomas, yn in krûk bedobbe lei. De Wysheid fan Jezus Kristus is oerlevere yn 'e foarm fan in Koptysk manuskript út 'e fjirde iuw, oanfolle troch in stikmannich Gryksktalige fragminten út 'e trêde iuw, dy't in eardere datearring ymplisearje. De tekst komt sterk oerien mei dy fan it Brief fan Eugnostos, dat ek diel útmakke fan 'e fynst by Nag Hammady, mar dan yn in kristlik ramt pleatst en justjes útwreide. De Wystheid fan Jezus Kristus moat net betize wurde mei de Wysheid fan Jezus Sirach, wat in hiel oare apokrife tekst is, dy't besibbe is oan it Alde Testamint fan 'e Bibel.
Ynhâld
De Wysheid fan Jezus Kristus bestiet út trettjin fragen dy't troch de dissipels fan Jezus fan Nazaret steld wurde, en de antwurden dy't Jezus dêrop jout. It debat oer de krekte datearring fan it geskrift rekket in kritysk punt, mei't guon úthâlde dat dizze tekst de wiere, optekene útspraken fan Jezus werjouwe, wat mooglik wêze soe as it út 'e midden fan 'e earste iuw datearret, wylst oaren hawwe wolle dat it fan folle lettere oarsprong is en sadwaande op syn bêsten in ûnbetroubere boarne wêze kin. De measte saakkundigen binne fan tinken dat de Wysheid fan Jezus Kristus in gnostysk geskrift is, op grûn fan 'e oerienkomsten tusken de mystike lear dy't it útdraacht, en de wenstige gnostyske tema's, dy't allike mystyk binne.
Keppelings om utens
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: External links, op dizze side. |