Wynzer mûne
mûne / mole
lokaasje
lân Nederlân
provinsje Fryslân
gemeente Tytsjerksteradiel
plak Wyns
koördinaten53° 15' N 5° 50' E
bysûnderheden
type mûneMuonts
funksjePoldermûne
oarspr. gebrûkBemealling Wynzerpolder
flecht19,50 meter
boujier1871
oare ynformaasje
eignerStifting De Fryske Mole
monumintale status ryksmonumint
monumintnûmer35691 [1]
Webside
Side De Fryske Mole
Kaart
Wynzermûne (Fryslân)
Wynzermûne

De Wynzer mûne is in poldermole noardeast fan it doarp Wyns yn de gemeente Tytsjerksteradiel. It is in houten achtkante muonts, mei stiennen fjildmuorren, dekt mei reid.

Skiednis

De Wynzer mûne is in muonts út 1871 en tsjinne foar it bemeallen fan de Wynzerpolder. In 1931 krige de mûne in nije fizel. Ek krige hy de saneamde Dekkerwjukken, dy't lykwols by in restauraasje yn 1970 ferfongen waarden troch fokwjukken. Oant ûngefear 1975 bleau de mûne yn bedriuw, al gie dat de lêste jierren benammen op motorkrêft.

In 1993 waard de Wynser mûne eigendom fan de Stifting De Fryske Mole, dy't him yn 1994/1995 opnij restaurearje liet. Lange tiid stie de mûne mids in soad begroeiing. Yn 2006 ferbettere de situaasje, doe't in soad fan de beammen en strewelen der omhinne kapt of snoeid waarden. Yn datzelfde jier waard de Wynzer mûne troch it Wetterskip Fryslân by wetteroerlêst oanwiisd om as reservegemaal te tsjinjen. De mûne is mealree.

Keppeling om utens

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

This article is issued from Wikipedia. The text is licensed under Creative Commons - Attribution - Sharealike. Additional terms may apply for the media files.