In wynmole of wynmûne is in soarte mole dy't de bewegingsenerzjy fan de wyn omsette yn rotaasje-enerzjy fan de wjukken, dy't dêrtroch nuttich brûkt wurde kin, bygelyks foar it meitsjen fan elektrisiteit, it meallen fan nôt, it fersetten fan wetter of oare doelen. Wynturbines, dy't ek brûkt wurde om elektrisiteit op te wekjen, wurde tsjintwurdich faak ek 'wynmoles' of 'wynmûnen' neamd.
De heechste wynmole yn Nederlân is De Nolet út 2005, dy't 42 m. heech is en yn Skiedam stiet, in mole mei in klassyk uterlik dy't lykwols elektrisiteit opwekket.
De âldste en ûnbestriden wynmolefernijings yn Nederlân datearje fan om-ende-by 1180.
Sjoch ek
Ofbylden dy't by dit ûnderwerp hearre, binne te finen yn de kategory Windmills fan Wikimedia Commons. |
This article is issued from Wikipedia. The text is licensed under Creative Commons - Attribution - Sharealike. Additional terms may apply for the media files.