Windlust

De Windlust is in achtkante wynmole yn Noardwâlde út 1859. De mole hat as funksje nôtmole. Yn 1880 waard de mole ferhege ta stellingmole.

Yn de jierren 20 die meganisaasje yn de mole syn yntree: yn 1921 waard troch molebouwer Ten Zijthoff út Dimter in út Kassel ôfkomstige Schleß und Rossmann diselmotor pleatst. Dy fabryk waard yn 1954 sletten en dêrom besit Noardwâlde nei alle gedachten ien fan de lêste bedriuwsfeardige motoaren fan dy fabryk.

Sûnt de jierren 50 waard de mole net mear ynsetten om te meallen. De mole wie oant 1968 eigendom fan de famylje Timmerman, dêrnei fan Stifting de Oosthoek. Yn 1996 waard de mole restaurearre. Men lit de mole draaie, mar meastal sûnder te meallen. Alle sneons wurdt de mûne troch frijwilligers draaiende hâlden.

Begjin 2007 rekke de mole troch stoarm beskeadige, mar waard al gau restaurearre. Wynlust is in ryksmonumint.

Sjoch ek

Keppeling om utens

This article is issued from Wikipedia. The text is licensed under Creative Commons - Attribution - Sharealike. Additional terms may apply for the media files.