Windenerzjy is enerzjy dy't wûn wurdt troch de bewegingsenerzjy fan lucht (wyn) om te setten yn in brûkbere foarm, bygelyks yn elektrisiteit.
Eartiids waard wynenerzjy mei wynmûnen direkt omset yn meganyske arbeid, bygelyks om nôt te meallen ta moal of om wetter te ferpompen. Tsjintwurdich wurdt it wurd wynenerzjy meast brûkt foar de elektryske enerzjy dy't mei in wynturbine út de wyn wûn wurdt. Guon produsinten fan wynturbinen sprekke ek wol oer wynenerzjykonvertoaren.
Foardielen fan wynenerzjy
- fermindering fan it brûken fan fossile brânstoffen en dêrmei fermindering fan de dêrby hearrende fersmoarging en CO2-útstjit[1]
- de duorsumheid fan wynenerzjy[1]
- minder ôfhinklik wurde fan oaljeprodusearjende lannen[2]
- lokale enerzjyopwekking by it ûntbrekken fan de oansluting op in regionaal distribúsjenetwurk.
Neidielen fan wynenerzjy
- de hegere kosten, oardel oant trije kear sa djoer as grize, dat hjoed-de-dei troch subsydzjes opfongen wurdt.
- de wynfaasje is tige feroarlik en min yn te skatten[3]
- ynpassing fan wynmûnen yn it lânskip dy't as horizonfersmoaring field wurdt[4]
- foar de produksje fan wynmûnen binne stiel en keunststof nedich wêrfan't it winnen in kostber, fersmoargjend en enerzjy-yntinsyf proses is (al wurdt de hjirfoar nedige enerzjy troch de produsearre mûne sels yn likernôch 6 moannen opwekt; de sahjitten enerzjyweromfertsjintiid)[5]
- fûgels wurde troch wynmûnen út de loft slein; in rige wynmûnen is foar fûgels sawat like gefaarlik as in autodyk,[6] sommige fûgelsoarten (bg. einen) bliuwe hûnderten meters út de buert wêrtroch't harren habitat ferlytse wurdt
- Flearmuzen komme om troch de drukferskillen by rotorblêden[7]
- slachskaad en lûdsoerlêst foar omwenjenden[8][9]
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
|
Ofbylden dy't by dit ûnderwerp hearre, binne te finen yn de kategory Wind farms fan Wikimedia Commons. |
This article is issued from Wikipedia. The text is licensed under Creative Commons - Attribution - Sharealike. Additional terms may apply for the media files.