Geart Aeilco Wumkes
Geart Aeilco Wumkes
Geart Aeilco Wumkes
persoanlike bysûnderheden
nasjonaliteitflagge fan Nederlân Nederlânsk
berne4 septimber 1869
berteplakDe Jouwer
stoarn7 maaie 1954
stjerplakHuzum
etnisiteitFrysk
wurkpaad
berop/amtteolooch, histoarikus
aktyf aspublisist, predikant
bekendste
  wurk(en)
Stads- en dorpskroniek van Friesland (1800-1900), "Wumkesbibel"

Geart Aeilco Dirks Wumkes (De Jouwer, 4 septimber 1869 - Huzum, 7 maaie 1954) wie in Frysk teolooch en histoarikus.

Libbensrin

Wumkes waard yn 1869 berne yn in otterdoksk-protestantske húshâlding fan Eastfrysk komôf. Syn heit Dirk Wumkes wie fabrikant fan naaijern. Nei de legere skoalle en de Frânske skoalle op De Jouwer dien te hawwen, ferbleau hy fan 1883 oant 1889 op it ynternaat Ruimzicht yn Doetinchem, dat doe ûnder lieding stie fan de troch it Réveil ynspirearre dûmny J. van Dijk (dêr't Wumkes yn 1917 in biografy oer skriuwe soe).

Nei syn stúdzje teology yn Doetinchem en dêrnei yn Utert waard hy herfoarme dûmny yn Hoarn op Skylge, yn Roan, Stryp en yn in Snits. Hy wie mei oprjochter yn 1908 fan it Kristlik Frysk Selskip foar Fryske taal en literatuer. Ds. Wumkes wie fan 1910 oant 1936 learkrêft Hebriuwsk op it Snitser Gymnasium. Yn 1924 waard er beneamd ta bibletekaris fan de Provinsjale biblioteek. Fjouwer jier letter folge it foarsitterskip fan de Fryske ûnderwiisrie, dy’t bysûndere learstuollen wist te besetten foar it Frysk oan de hegeskoallen yn Amsterdam en Utert. Wumkes hat ferskate wittenskiplike en histoaryske boeken skreaun, foaral oer de skiednis fan Fryslân.

Yn 1900 troude Wumkes mei Alida Sap (1871-1945), dochter fan in skipsgesachfierder.[1] Tegearre krigen se in dochter en twa soannen: Margaretha Alida Wumkes (1902-1996), de mem fan skriuwer Dirk Ayelt Kooiman (1946-2018), Dirk Aijelt Wumkes (1904-1995), learaar oan in gymnasium, en ds. Ate Dirk Wumkes (1911-2001), ek predikant.

Wumkes ferstoar op 7 maaie 1954 op 84-jierrige leeftyd yn Huzum.

Wurk

Wumkes

Fryske preken

Ds. Wumkes hat in soad betsjutten foar de Fryske taal. Hy wie dûmny en hy wie de earste dûmny dy’t in preek yn it Frysk die. Dat die er op 3 jannewaris 1915 yn de Herfoarme tsjerke fan Tsjom. Hy sei: Yn 'e memmetaal, omdat nei myn betinken soks it wiere is en it dy wei op moat. Pas flak foar de tsjinst kundige Wumkes, dy't allinnich syn frou it geheim ferklapt hie, syn revolúsjonêre foarnimmen oan. De ferbjustere diakens en âlderlingen koene net mear yngripe; de tsjerkeklokken lieden al. By it begjin fan de preek brocht Wumkes it tsjerkefolk op de hichte, de reaksjes wiene fol lof. Ien frou op leeftyd gie de tsjerke út, sy woe de tsjinst allinnich yn it Nederlânsk (Tale Kanaäansk) hearre. Hja rûn de tsjerke út mei de wurden "Wy hawwe hjir komeedzje yn ’e tsjerke". It soe Wumkes net ûntmoedigje en hy preke dêrnei noch gauris yn it Frysk. De teksten fan syn Fryske preken waarden samle en mei in soad súkses útjûn.[2]

Kristlik Frysk Selskip

Neidat hy yn 1904 yn Snits beroppen wie as predikant, ûntwikkele Wumkes him ta in foaroansteand man binnen de Fryske Beweging. Yn 1908 wie hy belutsen by de oprjochting fan it Kristlik selskip for Fryske tael en skriftekennisse (letter omdoopt yn it Kristlik Frysk Selskip). Dy feriening rjochte him yn it earstoan benammen op de bestudearring fan de Fryske taal en literatuer, mar lei him yn de jierren tweintich mear ta op de maatskiplike emansipaasje fan it Frysk. Fan 1909 oant 1918 wie Wumkes redakteur fan Yn ús eigen tael, it moanneblêd fan it 'Kristlik Frysk Selskip'.

Deputearre

Wumkes waard yn 1928 troch Deputearre Steaten fan Fryslân beneamd as foarsitter fan de doedestiids troch himsels oprjochte Fryske Provinsjale Underwiisried (de Underwiisried). Hy soe dy funksje tweintich jier beklaaie. De Underwiisried bepleite dat it Frysk op legere skoallen as fak talitten wurde soe, wat nei in soad diskusje yn 1937 mei in útwreiding fan de 'Leger Underwiiswet 1920' yndie op lytse skeal mooglik makke waard. Al wie it risseltaat fan de wetswiziging nei objektive mjitstêven lyts, se waard troch Wumkes en oare Fryske lobbyisten as tige wichtich beskôge.

Fryske Akademy

Geart Aeilco Wumkes

Yn 1938 wie Wumkes ien fan de oprjochters fan de Fryske Akademy yn Ljouwert, dat him ta it sintrum foar wittenskiplik ûndersyk en ûnderwiis ûntwikkelje soe.

Bibeloersetting

Nei syn pinsjoen begûn Wumkes oan syn moaiste projekt, lykas er it sels sei: it oersetten fan de Bibel yn it Frysk. Mei stipe fan E.B. Folkertsma brocht Wumkes it Nije Testamint út yn 1933 en it Alde Testamint yn 1943. De "Wumkesbibel" soe oant 1978 de iennige komplete Fryske bibeloersetting bliuwe.

Bibletekaris

Wumkes wie fan 1924 oant 1940 bibletekaris fan de Provinsjale Biblioteek fan Fryslân, dêr't er tagong hie ta in protte boarnen, lykas de jiergongen fan de Ljouwerter Krante. Wumkes publisearre út dy boarne geregeldwei yn it tydskrift De Vrije Fries en yn it Nijsblêd fan Fryslân. Yn 1930 waard de Stads en Dorpskroniek van Friesland útbrocht yn druk, oer de perioade 1700-1800; diel twa oer de jierren 1800-1900 kaam fjouwer jier letter út.

Histoarikus

Yn syn libben skreau Wumkes in soad histoaryske stúdzjes, biografyen en boekbesprekkings, dêr't 'Tusschen Flie en Borne. Schetsen uit de geschiedenis van Schellingerland' (1900) de earste fan wie. Syn artikels waarden publisearre yn de tydskriften It Beaken, Frisia, It Heitelân, De Holder, Sljucht en rjucht, De Stim fen Fryslân en De Weitstrop. Tusken 1913 en 1928 skreau Wumkes mear as tweintich - gauris mânske - bydragen foar de De Vrije Fries, it tydskrift fan it Frysk Genoatskip, dêr't hy jierrenlang lid fan wie. Ymposant is it feit dat hy tusken 1911 en 1937 mear as tûzen lemmata skreau foar it 'Nieuw Nederlandsch Biografisch Woordenboek', de foargonger fan it 'Biografisch Woordenboek van Nederland'. Dêrneist wie hy gearstaller fan in fjouwertal mânske kompilaasjewurken, dy't hjirûnder beskreaun steane.

It Fryske Réveil yn portretten (1911)

Wumkes achte it behâld fan de ienheid binnen de Nederlânske Herfoarme Tsjerke fan grut belang. Hy hie dan ek belangstelling foar it Réveil, in streaming binnen it protestantske kristendom dy't mear wearde hechte oan in oprjochte persoanlike leauwensbelibbing as oan strange dogmatyk. Fan 1909 ôf publisearre Wumkes yn 'Yn ús eigen tael' biografyske sketsen fan peroanen dy't yn Fryslân in rol spile hiene. Dy libbensbeskriuwings waarden yn 1911 bondele yn 'It Fryske Réveil in portretten', Wumkes syn earste grutte Frysktalige publikaasje. Al kenmerken de bydragen yn dit boek har neffens lettere kritisy troch in gebrek oan ôfstân ta de beskreaune persoanen en in te detaillistyske blik, se wurde om it dêryn sketste byld fan dat diel fan de protestantske leauwensmienskip dochs fan belang achte. Dit docht ûnder oare bliken út it feit dat fan it boek noch yn 1998 in Nederlânske oersetting ferskynde.

Bodders yn de Fryske striid (1926)

Doe 't Wumkes yn 1924 bibletekaris en haad fan de Provinsjale Bibleteek fan Fryslân wurden wie, krige hy mear tiid om him oan it troch him leave biografyske sjenre ta te lizzen. Dat late yn 1926 ta syn twadde grutte kompilaasjewurk, 'Bodders yn de Fryske striid', in rige libbensbeskriuwings fan persoanen dy't aktyf wiene foar de Fryske taal en kultuer. Ek op dit boek falt nei lettere mjitstêven wol ien en oar oan te merken, trochdat de ynhâld faak mear in romantysk as in wittenskiplik karakter hat. As bydrage oan de Fryske skiedskriuwing wurdt Bodders yn de Fryske striid lykwols as in klassiker binnen de Fryske literatuer beskôge.

Stads- en dorpskroniek van Friesland (1930-1934)

Troch syn wurk yn de Provinsjale Bibleteek fan Fryslân hie Wumkes ienfâldich tagong ta in grut ferskaat oan boarnen foar syn skiedkundige en taalkundige artikels, wêrûnder alle jiergongen fan de yn 1752 oprjochte Ljouwerter Krante. Oan de hân dêrfan skreau hy foar 'De Vrije Fries' en it Nieuwsblad van Friesland in soad artikels. Yn 1930 waarden dy artikels bondele yn de 'Stads- en dorpskroniek van Friesland 1700-1800'. Dêrby folde hy de perioade foar 1752 oan mei materiaal "uit de Statenresolutie's, Hofsentientiën, proklamatieboeken, recesboeken en predikantenlijsten". It twadde diel, de Stads- en dorpskroniek van Friesland (1800-1900), ferskynde yn 1934.

Paden fen Fryslân (1932-1943)

Wumkes syn grutste kompilaasjewurk is 'Paden fen Fryslân', dat tusken 1932 en 1943 yn fjouwer dielen ferskynde. De measte dêryn opnomde artikels beskôge Wumkes sels as oansetten ta fierder wittenskiplik ûndersyk. Yn it boek steane dan ek in soad noch mar foar in diel útwurke stúdzjes. Dêryn komme dan wol Wumkes syn grutte erudysje en syn each foar details sterk nei foaren, mar se toane tagelyk net folle djipgong. It tredde diel fan de 'Paden fen Fryslân' is lykwols oars fan aard: dêryn waarden mear as hûndert Fryske oersettings fan brieven, deiboekfragminten en redefierings opnomd.

Wumkes en Grinslân

Ek de skiednis en streektaal fan Grinslân hiene Wumkes syn belangstelling. Wumkes, dy't Fryslân seach as in brêge tusken Skandinavië en Ingelân, miende dat benammen yn de Noard-Grinslanner streken Hunsingoa en Fivelingoa in Fryske ynfloed hiene dy't yn alderlei tradysjes en yn de streektaal werom te finen wie. Dat hy him dêrfoar ynteressearre blykte yn 1904 út de ûnderwerpkar fan syn proefskrift, 'De Gereformeerde Kerk in de Ommelanden tusschen Eems en Lauwers (1595-1796)'. Tusken 1906 en 1929 skreau hy faak artikels foar de Grinslanner Folksalmanak. Hy wie redakteur fan it tydskrift 'Groningen' (yn 1916 en 1917) en fan it 'Maandblad Groningen' (fan 1918 oant 1923). Ek levere Wumkes bydragen oan it tydskrift 'Het Noorden' en oan ferskate Grinslanner kranten. Op basis fan artikels fan de yn 1931 ferstoarne Grinslanner histoarikus Jacob Vinhuizen foltôge hy yn 1935 dy syn 'Stads- En Dorpskroniek Van Groningen (1800-1900)'.

Wurken (net folslein)

  • 1891: Het priesterlijk orakel der Hebreen (opstel)
  • 1900: Tusschen Flie en Borne. Schetsen uit de geschiedenis van Schellingerland
  • 1904: De Gereformeerde Kerk in de Ommelanden tusschen Eems en Lauwers (1595-1796) (proefskrift)
  • 1911-1937: goed tûzen lemmata foar it Nieuw Nederlandsch Biografisch Woordenboek
  • 1911: It Fryske Réveil yn portretten
  • 1912: Opkomst en Vestiging van het Baptisme in Nederland
  • 1917: Uit het leven en levenswerk van J. van Dijk Mzn., stichter der Doetinchemse Inrichtingen
  • 1926: Bodders yn de Fryske striid
  • 1930: Stads- en dorpskroniek van Friesland (1700-1800)
  • 1932-1942: Paden fan Fryslân (fjouwer dielen)
  • 1933: Nije Testamint (Fryske oersetting mei help fan E.B. Folkertsma)
  • 1934: Stads- en dorpskroniek van Friesland (1800-1900)
  • 1935: foltôging fan Stads- en dorpskroniek van Groningen (1800-1900) fan Jacob Vinhuizen
  • 1943: Alde Testamint (Fryske oersetting mei help fan E.B. Folkertsma)
  • 1949: Nei sawntich jier. Tinkskriften fan Dr. G.A. Wumkes (autobiografy)
  • 1953: De Pylgerreize (Fryske oersetting fan The Pilgrim's Progress fan John Bunyan)

Ferskaat

  • Op De Jouwer is de Dr. Wumkesskoalle en yn Snits in soarchsinrum nei him ferneamd.
  • Wumkes wie mei-ûntwerper fan it wapen fan de eardere gemeente Roan.[3]
  • Yn Bûtenpost, Frjentsjer, It Hearrenfean, De Jouwer, Kollum, Ljouwert, Snits en Stiens binne strjitten nei him neamd.

Keppelingen om utens

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

  1. Alida Sap waard op 15 jannewaris 1871 berne oan board fan de skoender "Otto", wêr't har heit gesachfierder fan wie. It skip wie ûnderweis fan Rio de Janeiro nei Falmouth (sjoch de berte-akte op AlleFriezen.nl).
  2. Mei Pinksteren yn maaie 2015 waard dy earste Fryske preek fan 100 jier earder betocht mei de bondel Pioniers sûnder folgers. It Frysk yn tsjerke nei mear as 100 jier.
  3. (ned) Nijsblêd fan it Noarden, 24 july 1928 - Gemeenteraden: Roden
This article is issued from Wikipedia. The text is licensed under Creative Commons - Attribution - Sharealike. Additional terms may apply for the media files.