St. Wulfram, Grantham, Lincolnshire

Wulfram (sa. 64020 maart 703) wie in Frankyske sindeling, dy't om-ende-by 700 yn it Fryske ryk preke. Hy wie biskop fan Sens en it is net rjocht dúdlik wat hy yn it gebiet fan Willibrord die.

Oer him is in tal anekdoates oerlevere, ûnder oare wêryn oan it hof fan de Fryske kening Redbad minsken troch it lot oanwiisd waarden om te offere wurden yn de see. Under harren wienen ek bern en de Fryske kening sels hie gjin foech om yn te gripen yn it ritueel doe't Wulfram him frege om it te stopjen. Neffens in oar ferhaal hie der Redbad sawat oerhelle om him fan syn âlde leauwen ôf te kearen en kristen te wurden. Lykwols seach Redbad op it lest momint dêrfan ôf doe't er op syn fraach wêr't syn foarâlden ferbleaunen te hearren krige dat dy yn de hel sieten. Redbad woe yn it hjirneimels net skieden wurden fan harren en hat him dêrom net dopen litten.

Keppelings om utens

Boarnen, noaten en/as referinsjes:
This article is issued from Wikipedia. The text is licensed under Creative Commons - Attribution - Sharealike. Additional terms may apply for the media files.