Wulfila (sa. 311 – Konstantinopel, 383) wie in Fisigoatyske biskop dy't foaral namme makke hat as oersetter fan de Bibel yn it Goatysk.
Biografy
De tsjerkehistoarikus Filostorgios en biskop Auksentius fan Dorostorum jouwe in soad ynformaasje oer Wulfila, dy't sy Ulphila(s) of Urphilas neamden. Hy stamme wierskynlik ôf fan in Goatyske heit en in Kappadosyske mem. Syn pake en beppe wienen Griken dy't Gryksk sprutsen.
Wulfia waard berne op de Balkan, benoarden de Donau yn it gebiet fan de Fisigoaten. Hy krige in Goatyske opfieding mar waard troch syn mem kristlik grutbrocht. De jonge Wulfia soe troch syn ûntwikkeling en talekennis yn de diplomatike tsjinst fan de Goaten oansteld wurde en koe dêrtroch oan it hof fa Konstantinopel kontakten lizze mei ferskillende tsjerklike gesachsdragers. [1]
Yn 341 waard Wulfila biskop fan it part fan de Fisigoaten dat him bekeard hienen ta it kristendom. Troch oanhâldende kristenferfolgings fan de Fisigoatyske kening Atanarik yn de jierren 369-372 frege Wulfila keizer Konstantius II om talitten te wurden yn it Romeinske Ryk. Hy krige tastimming en late syn folgelingen nei it gebiet fan it tsjintwurdige Pleven (Bulgarije).
Wierskynlik hat er sa om-ende by 369 de bibel oerset. Oant syn dea yn Konstantinopel bleau Wulfila in respektearre biskop.
Wulfila fersprate ûnder de Goaten de Ariaanske foarm fan it kristendom. De kearn fan dit leauwen hâlde yn dat God net lyksteld wurde koe mei Jezus Kristus. Hjirom waard Wulfila letter as in ketter beskôge. Syn pleechsoan Auksentius pleite him dêrfan frij yn in brief, dy't bewarre bleaun is yn De Fide fan Ambrosius.
Wulfila betsjut wierskynlik "wolfke" (fan Goatysk "wulfs", "wolf") lykas Attila de Hun it Goatyske wurd foar "heity" is (fan "atta", "heit").
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
Literatuer:
Fuotnoaten:
Keppeling om utens:
|