Wrotmûzen
In steppelemming.
In steppelemming.
Taksonomy
ryk:dieren (Animalia)
stamme:rêchstringdieren (Chordata)
ûnderstamme:wringedieren (Vertebrata)
klasse:sûchdieren (Mammalia)
skift:kjifdieren (Rodentia)
ûnderskift:mûzen en jerboä's (Myomorpha)
boppefamylje:mûzen en rotten (Muroidea)
famylje:wrotmûseftigen (Cricetidae)
ûnderfamylje:wrotmûzen (Arvicolinae)
Gray, 1821

De wrotmûzen (wittenskiplike namme: Arvicolinae) foarmje in ûnderfamylje fan 'e klasse fan 'e sûchdieren (Mammalia), it skift fan 'e kjifdieren (Rodentia) en de famylje fan 'e wrotmûseftigen (Cricetidae), dêr't û.o. de fjildmûs, de wetterrôt en de muskusrôt ta hearre. Se binne nau besibbe oan 'e oare ûnderfamyljes fan 'e wrotmûseftigen, de hamsters (Cricetinae) en trije groepen dy't mei-inoar beflapt wurde ûnder de oantsjutting mûzen en rotten fan de Nije Wrâld. Sommige saakkundigen wolle de wrotmûzen lykwols ynstee yn 'e famylje mûseftigen (Muridae) pleatst hawwe. De wrotmûzen binne de meast foarkommende groep kjifdieren op it noardlik healrûn. Fossilen út dizze ûnderfamylje binne yn Noard-Amearika en Jeropa sa algemien dat se brûkt wurde foar biostratigrafyske datearring fan archeologyske fynplakken.

Underfamylje-opbou

  • ûnderfamylje wrotmûzen (Arvicolinae)
    • incertae sedis (yndieling ûnwis)
      • skaai beamwrotmûzen (Arborimus): 3 soarten
      • skaai heidewrotmûzen (Phenacomys): 2 soarten
    • tûke Balkansniemûzen (Pliomyini)
      • skaai Balkansniemûzen (Dinaromys): 1 soarte
      • skaai Dolomys
    • tûke Clethrionomyini
      • skaai Altaiomys
    • tûke fjildmûzen (Arvicolini)
      • skaai alsemfjildmûzen (Lemmiscus): 1 soarte
      • skaai Atopomys
      • skaai Aziatyske fjildmûzen (Lasiopodomys): 3 soarten
      • skaai berchfjildmûzen (Neodon): 5 soarten
      • skaai blythfjildmûzen of Blyths fjildmûzen (Phaiomys): 1 soarte
      • skaai Cromeromys
      • skaai fjildmûzen (Microtus): 61 soarten
      • skaai Hibbardomys
      • skaai Huananomys
      • skaai Jordanomys
      • skaai Kilarcola
      • skaai Middensineeske fjildmûzen (Proedromys): 2 soarten
      • skaai Mimomys
      • skaai Nebraskomys
      • skaai Nemausia
      • skaai Promimomys
      • skaai Prosomys
      • skaai Sintraalaziatyske wetterrotten (Blanfordimys): 2 soarten
      • skaai sniemûzen (Chionomys): 3 soarten
      • skaai Súdsineeske fjildmûzen (Volemys): 2 soarten
      • skaai Tyrrhenicola
      • skaai Villanyia
      • skaai wetterrotten (Arvicola): 3 soarten
    • tûke Floaridawetterrotten (Neofibrini)
    • tûke halsbânlemmings (Dicrostonychini)
      • skaai hâlsbânlemmings (Dicrostonyx): 11 soarten
      • skaai Predicrotonyx
    • tûke ierdlemmings (Ellobiusini)
      • skaai ierdlemmings (Ellobius): 5 soarten
      • skaai Ungaromys
    • tûke lemmings (Lemmini)
      • skaai bosklemmings (Myopus): 1 soarte
      • skaai echte lemmings (Lemmus): 5 soarten
      • skaai lemmingmûzen (Synaptomys): 2 soarten
      • skaai Plioctomys
    • tûke muskusrotten (Ondatrini)
    • tûke prometeuswrotmûzen (Prometheomyini)
      • skaai prometeuswrotmûzen of Prometeus' wrotmûzen (Prometheomys): 1 soarte
      • skaai Stauchomys
    • tûke reade wrotmûzen (Myodini)
      • skaai berchwrotmûzen (Alticola): 12 soarten
      • skaai Guildayomys
      • skaai Himalayawrotmûzen (Hyperacrius): 2 soarten
      • skaai paterdavidswrotmûzen of pater Davids wrotmûzen (Eothenomys): 8 soarten
      • skaai Pliolemmus
      • skaai Pliomys
      • skaai Pliophenacomys
      • skaai reade wrotmûzen (Myodes): 12 soarten
      • skaai Sineeske wrotmûzen (Caryomys): 2 soarten
    • tûke steppelemmings (Lagurini)
      • skaai steppelemmings of echte steppelemmings (Lagurus): 1 soarte
      • skaai ûnechte steppelemmings (Eolagurus): 2 soarten
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.

This article is issued from Wikipedia. The text is licensed under Creative Commons - Attribution - Sharealike. Additional terms may apply for the media files.